Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Tersoal’

In liuw yn Tersoal

Posted by André Looijenga on 24/04/2014

Op it koar fan de St. Vitustsjerke fan Tersoal stiet in krús mei in wynfaantsje. De blêdgouden wynwizer hat de foarm fan in wapenskyld mei in liuw. Lêsten haw ik him ris in kear goed op de foto set:

Wynfaan op de tsjerke yn Tersoal

It is in moai ding, en it liket derop dat it âld is en al hiel lang op de tsjerke stiet. Mar wêrom hawwe wy yn Tersoal no krekt in faantsje mei in liuw?

Wannear’t der in wapen op de wynfaan fan in toer of tsjerke stiet, is dit gauris it skaaimerk dat in “sponsor” fan de tsjerke efterlitten hat: in promininte famylje, machtige tsjerkfâden, de stêd of gritenij, it provinsjebestjoer. Dat liket mei dizze liuw net fuortdaalks it gefal, of alteast is it dreech dit wapen dan te identifisearjen.

De foarm fan de liuw yn Tersoal docht my suver eins 17e-ieusk oan. Yn dat gefal soe de wynfaan âlder wêze as de tsjerke dêr’t er op stiet. De tsjerke is ommers yn 1838 troch nijbou ferfongen. Men kin jin lykwols yntinke dat in wynfaan fan in âlde tsjerke yn sa’n gefal maklik op ‘e nij brûkt waard.

Mar, dochs, in liuw… Faaks komt de assosjaasje troch de djipblauwe loft efter it gouden daksieraad, mar… is dit net it wapen fan Ljouwert…?

Wat soe in Ljouwerter liuw omspane op in tsjerkedak yn Tersoal, in doarp yn de gritenij Raerderhim, hiel wat oeren geandefoet súd fan de haadstêd? It kin eink net in teken west ha fan macht en ynfloed fan dy stêd yn har omlân, omdat soks binnen de ferhâldings yn it ier-moderne Fryslân net past (oars as yn Grinslân, dêr’t de machtige stêd wol har wapen efterlitten op party doarpstsjerken).  Ferlykbere gouden wapenfaantsjes binne, oan’e oare kant, wol noch yn de stêd Ljouwert te finen: op de Aldehou bygelyks, en op de Waach. (Sjoch foar foto’s dizze side oer wynfanen.) De Tersoalster liuw liket suver in soad op de Aldehouster.

Myn hypotese is dat de liuw fan Tersoal ienris in Ljouwerter liuw west hawwe kin. Faaks wie it in twaddehâns liuw, dy’t earder op in iepenbier gebou yn Ljouwert pronke hat. Wa wit stied er earst wol op de toer fan ien fan de, yn’e 19e ieu ôfbrutsen, stedspoarten fan Ljouwert.

Tongersdei, 24 april 2014.

Posted in Skiednis, Tsjerken | Tagged: , , , , | Leave a Comment »

Tersoal, fearten en in tsjerke

Posted by André Looijenga on 21/04/2014

It wie bêst peaskewaar. Hjir even in fotootsje fan Tersoal, juster begjin fan ‘e jûn. Dit fyn ik miskien dochs wol de moaiste kant om it doarp yn te kommen: fan it westen ôf.

Der steane yntusken wat minder hege beammen as earder. De âlde kastanjes by it tsjerkhôf binne fuort, en ôfrûne novimber is der ek wat omgien. De toer is dêrtroch nammerste better te sjen. In plaatsje, net?

Tersoal 20 april 2014

De foto haw ik makke fanop it brechje foar de pleats fan Nauta. Lofts fan de feart leit de iisbaan (dy’t se dit jier yn febrewaris al wer droech lein hawwe). Dizze feart rint east-west, lâns de dyk it Westerein en dêrnei mei in pear lytse meänders nei de (Snitser) Aldfeart. Ik miende dat dit wetter Mûntsefeart, of Mûntsjefeart, hjit. (De feart dy’t fan de tsjerketoer ôf sjoen noard nei de Aldfeart giet, hjit de Tsjerkefeart.)

Oant yn de tweintichste ieu rûn de feart dwers troch it doarp nei it suden ta (no de Durk Dykstrastrjitte en Wiersterwei), en ek nei it easten ta. Fan dat eastlike stik feart binne noch wat stikjes fiver en sleat oerbleaun. Juster betocht ik my pas: hee, dat wie fansels it ferlingde fan de Mûntsefeart, en dat ferlingde kaam by de Tolhúspleats út yn de Bangafeart (de ferbining tusken Poppenwier en de Snitsermar). Der wie sa dus in binnentrochfeart, west-east troch it doarp hinne, meast parallel oan in dyk(je). Dat jins hûs of pleats oan’e feart lei, wie eartiids ommers ek wichtiger as dat je oan in trochgeande dyk wennen.

Op ûndersteande (net al te skerpe) foto fan de begjin 18e-ieuske gritenijkaart fan Bernardus Schotanus à Sterringa sjogge jo de situaasje fan (fier) foar de ferbrâningsmotor. De swarte linen binne fearten en feartsjes. De súdlike feart nei de Lytse Wierren ta hjit Zoolster Vaart. It hûs rjocht efter de plaknambuorden stiet op it plak fan de Herberg op de Schotanuskaart. De feart west-east troch it doarp, dy’t ik dus as Mûntsefeart kin, rint op de kaart lâns Albada en lâns Broersma en komt út by Meers huysen; der rint in Voetpad lâns (no de trochgeande dyk) en hy liket tsjokker oanjûn te wêzen as de sydfearten.

Tersoal (troch B. Schotanus à Sterringa)

Mar: hat wat ik as Mûntsefeart kin, altiten sa hjitten? Op de Schotanuskaart stiet ek in Monike Vaart. Dy feart rint lykwols noard-súd. Tsjintwurdich is der op dat plak heechút in sleat. It noardlikste part fan de âlde Monike Vaart wie om 1725 hinne ek net al te folle mear: der stiet by printe “Droog“.

De omjouwing fan de Tersoalster tsjerke is lêste pear jier bot feroare. De beammen binne dus ferfongen. Mar ek binne twa âlde wenninkjes, dy’t ik sels ek inkeld as boufallen kind haw, sloopt. Twa nije huzen steane der no efter de tsjerke, en ûnder de toer binne se krekt begûn mei nijbou. It strjitsje foar de toer lâns, it Koumelkerspaed (âlde stavering…), ha se dêrfoar flink ferbrede. It hie miskien wol in bytsje minder breed kind, as it oan my lein hie. It sjocht der no allegear krekt wat te iepen en nijboustrjitte-eftich út foar it âldste stik fan it doarp. Fan it smelle, âlde lykfeartsje tusken de hiemen troch (net op de Schotanuskaart) is net safolle mear oer.

Ik koe no lykwols wol ús tsjerke ris (hast) rjocht út it súd wei op de plaat krije. De toer is grutstepart midsieusk, it skip út begjin 19e ieu. De tsjerke stiet net op in terp, ek al leit it hôf fansels wat heger as de rest fan it doarp. Lofts fan de âld toer it nijste hûs yn oanbou.

Tersoal, St. Vitus, súd-oansicht

Moandei, iennentweintich april 2014.

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , | Leave a Comment »

Lêsfoer

Posted by André Looijenga on 25/06/2011

My tocht, ik moast sa tuskentroch mar ris wat mear hjoeddeisk Frysk proaza lêze. Dat ik helle by de boadskippen ek trije boeken ôf út ’e UB. Fryske boeken binne ornaris sa tsjok net, dat it paste bêst by yn ’e rêchpûde.

Thús ritste ik de pûde iepen en fûn dêr It Poadiumbeest (Ljouwert 2005) yn innige omstringeling mei in flesse Dútsk weetbier. Ta myn skande hie ik noch nea wat lêzen fan Bouke van der Hem, dy’t nota bene berne is yn… Tersoal. It wurk fan dizze oare Grinzer Legeanster is priizge om syn notiidske styl en tematyk, en der hat ek wat opskuor oer west yn ’e Fryske letteretún, dat it moat wol in goed boek wêze.

Dêrnei fiske ik Piter Boersma út ’e tas, yn ’e gedaante fan syn it libben sels (Boalsert 1997). Ús haadredakteur hat dêr sels de Gysbert Japicx mei wûn, dat der sille yn ’e jierren njontich mindere boeken útbrocht wêze. Kurieuzernôch hie ik sels àl it feestboekje fan by dy útrikking (Sels it libben, 1998) yn ’e hûs.

Der lei noch wat tusken makaronygriente en bôle: It tal mooglikheden is sawat ûneindich (Frjentsjer 2006) fan Durk van der Veen. Gjin idee wat dêr krekt fan te ferwachtsjen, mar IJsbrand van den Berg fûn it in goede ferhalebondel, dat dat sil wol klear komme.

Skylk hearre jim de resultaten wol.

Sneon, fiifentweintich juny 2011.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , | 1 Comment »

Tresoarster jûn

Posted by André Looijenga on 08/12/2010

Foar it ferlanglistke... Alice yn Wûnderlân

Fan’e jûn wie ik wer ris yn Tresoar te finen. In Moannejûn oer Tiny Mulder, no. Troch dize en snie fûn ik út wurk myn wei nei it Âldehouster Tsjerkhôf. Rom op’e tiid antichambrearre ik earst mar even by Obe Postma en J.J. Slauerhoff. Net it minste selskip sa as foarprogramma. Bai Juyi wie der ek by, mar inkeld yn oersetting. Wat in hânskriften hiene Fryslâns twa grutste earste-helte-20e-ieuske literaten oars ek. Út harren briefkaarten en oantekenboekjes koe ik yn it dimmen muséumljocht net wiis wurde.

Doe it haadoptreden fan’e jûn. Tiny Mulder har Lewis Carroll samling waard oerdroegen oan Tresoar. Har likegoed skriuwende efterneef, Nicolaas Matsier, dy’t tafalligernôch de beide Alice-boeken yn it Nederlânsk oerset hie, spruts. Gedichten klonken, wy learden by oer de fernijing fan it berneboekesjânre yn’e jierren ’50, foto’s en animaasjes dûnsen oer it skerm, Albertina Soepboer sei moais oer mearkes. Bert Looper fan Tresoar hie it oer in besprek dat er (herkenber foar my…) skreaun hie as krekt-ôfstudearre jongkeardel. Ta beslút song Roel Slofstra. Miende dy it echt dat er de gitaar oan’e wylgen hongen hat? Twa musical-eftige lieten oer in diktatoriale hoanne, út begjin ’80 fan Tiny Mulder. De man syn stim is in losrinnend monumint: hy sjongt it Frysk sa kreas en fersoarge as it Nederlânsk fan in Boudewijn de Groot.

Nei ôfrin kaam ik noch oer Douwe Kalma te sprekken. Faaks hat hy dochs myn yntroduksje ta literêr Frysk west. Men seach dêr nuver fan op. Ik bin bang dat myn namme skylk makke is as Douwe Kalma-kenner en Jongfriesiolooch… Kin ik my yn Frysk-kulturiele kriten net mer fertoane sûnder mei Dearsums dizige drakedeader assosjearre te wurden… Mar goed, myn plande blôchke oer syn nuvere sonnettesyklus De fjûrren fen Sint Marten moast der dochs ris fan komme. En der binne jubiléa op komst: op 18 oktober 2013 sil Douwe Kalma sechtich jier ferstoarn wêze, en, neffens my wichtiger, yn 2015 is it hûndert jier lyn dat er de Jongfryske Mienskip begûn.

En sa mette ik ek noch de wrâldferneamde Pieter de Groot, fêst-lêzen kolumnist by de Ljouwerter. Blykt dan sa mar in oerpake út Tersoal te hawwen. (Je kinne yn in Frysk selskip gjin doarp neame of de foarâlden komme efkes del.) Tsja, Tersoal, wa syn foarteam komt der net fuort? (Mynt, foarsafier’t ik wit.) Gjin wûnder dat dêr mar sa’n bytsje minsken wenje.

Tiisdei, sân desimber 2010.

Posted in Dien, Fryskens, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , | Leave a Comment »

Fryske tsjerken op’e buis

Posted by André Looijenga on 15/09/2010

Omrop Fryslân stjoerde justerjûn in programma oer âlde Fryske tsjerken út. Fansels haw ik it drekt sjoen. It is moai dat soks makke wurdt, dat der op ús regionale tillevysje sa’n ynformatyf programma útstjoerd wurdt. De oanlieding ta dizze searje fan fjouwer ôfleverings is it jubiléum fan’e Stifting Âlde Fryske Tsjerken. De earste ôflevering seit oer tsjerketuorren te gean.

Âlde tsjerken gean my tige oan it herte. Ek ik bin sa ien dy’t doarpen oan harren tuorren kin. Toer en (‘grutte’) tsjerke binne foar my de essinsje fan in doarp. Dat dit woe ik graach sjen.

Op himsels wie de earste ôflevering net min. By ús yn Fryslân lykwols fynt men it meastens al hiel gau goed. Om’t soks it der ek net better op makket, kin ik hjir net oars as in pear krityske noaten meitsje:

*) Earst in technysk punt. De dokumintêre is traach en eins hiel earm oan ynformaasje. Yn in programma fan sa’n healoere komme mar twa tsjerken (Holwert en Westhim) oan bod. Dat is net folle. It liket wol oft men bang is om de sjogger te folle tsjerke sjen te litten. Oe nee jong, de minsken soene ris tinke dat it in dokumintêre oer tsjerken wie; dêr soene se blykber net nei sjen wolle. Fan’e fjouwerentweintich minuten is krekt wat mear as fiif minuten in tsjerke fan tichtby yn byld. De rest is opfuld mei sfearbylden fan it Fryske lânskip, en mei praatsjes oer hoe’t minsken tsjerketuorren ‘erfare’. De âlde keunstskilder Jentsje Popma komt hast langer yn byld as de tsjerken. Syn skildere lânskippen binne seker hiel nijsgjirrich, mar earlik sein jeuzelet er de helte fan’e tiid in bytsje. Sfearbylden fan Popma oan’e kofje koe de film ek wol sûnder. De makkers hiene goud yn hannen, mar hawwe it oanlingd ta sloppe tee.

Read the rest of this entry »

Posted in Sjoen, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , , | 1 Comment »

Pierewaaier

Posted by André Looijenga on 01/09/2010

Der binne in soad saken om hast lulk fan te wurden, dêr’t ik eins op myn Frysktalige blôch oer skriuwe moat. Dat ûnsinnige ferhege kolleezjejild foar twadde-stúdzjes bygelyks. Dy ‘besuniging’ laat no al ta yntellektuële ferearming, en sil faaks net allinne de frisistyk mar ek myn eigen klassike talen ea de kop noch koste. 

Of oer de gemeentlike-weryndielings-steamwals. Ûndertusken is dúdlik hoe’t Boarnsterhim opdield sil. De Legeanster doarpen Tersoal en Sibrandabuorren komme krekt as hast de hiele gemeente by Ljouwert. By Ljouwert! — mar dat leit mear as tweintich kilometer fierderop! — De djippere oarsaken en drôchredens efter de ‘needsaak’ ta weryndielen soe ik eins oer skriuwe moatte. It is it strukturiele Fryske minderweardigenskompleks dat de Friezen oanpraat dat sy harsels net bestjoere kinne, tinkt my. Leaver slaaf…, no.

Mar earst wat oars. Tsjin alle ússels-leechlizzerij dy’t my fanút Fryslân berikket, mar ris wat skientme yn stelling brocht. In gedicht fan Sjoerd Spanninga (1906-1985), út syn bondel Kymgong (1964). It stiet net yn’e wenstige blomlêzings, ek net yn Veenbaas syn twatalige Spanninga-kar út 2007 (Het goud op de weg haw ik lykwols net tsjekt, wegens noch net yn myn besit), dat om dit moaie fers ûnder de oandacht te hâlden stiet it by dizze hjirûnder. 

It hat fan begjin ôf ien fan myn favorite Spanninga-fersen west. Wat in begjin hat it ek: it ljocht en it libben spatsje derfanôf! 

Pierewaaier

.

Poerneaken

sprong it ljocht út ‘e dizen,

en rûn de fjilden yn,

glânzjend as de jonge dei

by it lemierjen.

Doe saaide de sinne it wetter oer,

dat in hynder allyk,

in blinkend reau,

strûsden de weagen der fan op ‘e kletter, —

tsjin ruten en roeven

spatten de glinsters

it fjoer

fan de hoeven, —

der lei brûs yn ‘e wâl.

Read the rest of this entry »

Posted in Fryskens, No-tiid, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , | 1 Comment »

‘Ferneamd’ Tersoalster

Posted by André Looijenga on 22/05/2010

Bêste âld-doarpsgenoaten en oare ynteressearden,

wolkom op myn ‘Frysk Deiblôch’!

Ik fyn it tige moai dat jim hjir ris delkomme om te sjen wat dy jonge fan master Looijenga no ynienen op it ynternet útheeft mei it Frysk.

Dit is dus myn weblog, myn eigen hoekje ynternet dat ik stadichoan fol skriuw mei stikjes oer ferskillende ûnderwerpen. Dy stikjes gean soms oer Fryske boeken en skriuwers, soms oer dingen dy’t ik nijsgjirrich fyn oan’e Fryske taal. Oare stikjes gean júst oer de aktualiteit, of oer dingen dêr’t ik mei myn eigenwize holle in miening oer haw, of fertelle gewoan oer wat ik sa út en troch meimeitsje.

At jim út Tersoal komme, hawwe jim myn deiblôch fêst fûn troch it artikeltsje op side 9 fan it doarpskrantsje. Fan’e middei haw ik krekt De Tersoalster Courant yn it doarp rûnbrocht mei myn broerke. Oer myn winnen fan it Frysk diktee, in moanne lyn, moatte jim foaral efkes dit en seker ek dit stikje lêze…

Ik soe sizze, strún hjir mar wat om yn myn stikjes. En kom mar gau wer ris werom, want minstens ien kear yn’e wike komt der hjir in stikje fan my by.

In protte nocht, en (oan degenen dy’t dat net alle dagen dogge) súkses, by it Frysklêzen winsket jimme jim âld-doarpsgenoat

André Looijenga (wer efkes útfanhús yn Tersoal).

Sneon, twaëntweintich maaie 2010.

Posted in blôch | Tagged: , , | Leave a Comment »