Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘thústaal’

Tibelje

Posted by André Looijenga on 09/07/2010

Ien fan dy dingen dy’t ik alle dagen doch, dêr’t nea by stilstean dat ik it doch, mar dêr’t ik net sûnder kin. Miskyn is it dat at myn harsens oan binne, myn hannen ek wat te dwaan hawwe moatte. Dochs doch ik it (gelokkich) net altyd: meast wannear ik ûntspannen bin en wat lês of neitink. Yn it standert-Nederlânsk is der gjin wurd foar: frunniken fyn ik te smoarch klinke, en peuteren betsjut foar my dat der wat by stikken giet. It is doelleas, wat boartlik, in byprodukt fan harsenaktiviteit, en yn myn eigen praten haw ik der ál in wurd foar.

It wie in wurd foar at ik as bern mei de toutsjes fan myn trui boarte, at ik in potlead tusken myn fingers draaie liet, at ik mei de fingers op’e tafelrâne trommele. Hé, zit niet zo te tiebelen!

Tiebelen, neffens it Nederlânske wurdboek bestiet it net.

Read the rest of this entry »

Advertisements

Posted in Taal | Tagged: , , , , , | 8 Comments »