Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘tillevysje’

Fryske tsjerken op’e buis

Posted by André Looijenga on 15/09/2010

Omrop Fryslân stjoerde justerjûn in programma oer âlde Fryske tsjerken út. Fansels haw ik it drekt sjoen. It is moai dat soks makke wurdt, dat der op ús regionale tillevysje sa’n ynformatyf programma útstjoerd wurdt. De oanlieding ta dizze searje fan fjouwer ôfleverings is it jubiléum fan’e Stifting Âlde Fryske Tsjerken. De earste ôflevering seit oer tsjerketuorren te gean.

Âlde tsjerken gean my tige oan it herte. Ek ik bin sa ien dy’t doarpen oan harren tuorren kin. Toer en (‘grutte’) tsjerke binne foar my de essinsje fan in doarp. Dat dit woe ik graach sjen.

Op himsels wie de earste ôflevering net min. By ús yn Fryslân lykwols fynt men it meastens al hiel gau goed. Om’t soks it der ek net better op makket, kin ik hjir net oars as in pear krityske noaten meitsje:

*) Earst in technysk punt. De dokumintêre is traach en eins hiel earm oan ynformaasje. Yn in programma fan sa’n healoere komme mar twa tsjerken (Holwert en Westhim) oan bod. Dat is net folle. It liket wol oft men bang is om de sjogger te folle tsjerke sjen te litten. Oe nee jong, de minsken soene ris tinke dat it in dokumintêre oer tsjerken wie; dêr soene se blykber net nei sjen wolle. Fan’e fjouwerentweintich minuten is krekt wat mear as fiif minuten in tsjerke fan tichtby yn byld. De rest is opfuld mei sfearbylden fan it Fryske lânskip, en mei praatsjes oer hoe’t minsken tsjerketuorren ‘erfare’. De âlde keunstskilder Jentsje Popma komt hast langer yn byld as de tsjerken. Syn skildere lânskippen binne seker hiel nijsgjirrich, mar earlik sein jeuzelet er de helte fan’e tiid in bytsje. Sfearbylden fan Popma oan’e kofje koe de film ek wol sûnder. De makkers hiene goud yn hannen, mar hawwe it oanlingd ta sloppe tee.

Read the rest of this entry »

Posted in Sjoen, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , , | 1 Comment »

Poalen is jitte net ferlern

Posted by André Looijenga on 11/04/2010

In bytsje guodkeap is it wol, sa’n titel boppe jin blôch sette yn in wykein dat se yn Poalen troch it needlot slim troffen binne. Jeszcze Polska nie zginęła. Faaks wol de bekindste Poalske útdrukking yn’e oare Jeropeeske talen: de earste rigel fan it Poalske folksliet.

It nijs oer de fleantúchramp klûstere my oan’e tillevyzje, juster tusken’e middei. Ik swom hinne en wer tusken Dútslân, Nederlân en CNN, om hapkes berjocht te heinen. Nuver is soks eins. Krijst mar in hiel bytsje ynformaasje, meast itselde yn trije talen, en hyltyd itselde byld fan brokstikken yn in fjild, mar tagelyk erfarrest op dy manier in frjemde sensaasje fan derby west hawwen.

At ik in Poal wie, soe ik nea op him stimd hawwe, mar it is slim treurich dat presidint Kaczyński en de frou omkaam binne. Dat alle seisennjontich ynsittenden omkamen. Ik kin no fierders in analyse jaan (wat my daalks juster troch de holle gie), mar dat sil juster en hjoed troch oaren ek al sein wêze. De bittere iroany fan dit delstoarten ûnderweis nei in betinking fan it massaker fan Katyń, bygelyks. De útwurking fan dizze ramp op’e relaasje tusken Poalen en Ruslân. De gefolgen foar de politike ferhâldings yn Poalen.

Mar ach, wat wit ik dêr ek fan. De soundbite dat de fleanramp fan Smolensk soe in “Twadde Katyń” wêze (ek fan in oars froed man as Lech Wałęsa), liket my ál wakker oerdreaun. In bytsje piëteitleas foar dy santich jier lyn fermoarde manlju oer ek. En boppedat gefaarlik: it yrrasjonele drôchbyld dat de Russen “de (hiele) Poalske elite” (sic) op’e nij útmoardzje woene, is mar al te maklik siedde.

Sa gau sil Poalen wol net ferlern wêze. Foar wat ik hjoed en juster sjoen haw, liket it my in goed funksjonearjende demokrasy ta. Foar elk amt is in nijen ien te finen. Konstitúsjoneel soe Poalen der yn guon opsicht wolris better foar stean kinne as Nederlân. Jeszcze Polska nie zginęła. Weardich leedbeklach lykje de Poalen wol goed yn te wêzen, mar wat wolst mei sa’n skiednis.

Dat folksliet hearde ik op in sjoernaal noch minsken yn Warsjau neontsjen. In wûnderlik folksliet eins, ûntstien op in momint (1797) dat it lân yn kwestje krekt opdoekt wie. In marsliet foar in Poalsk legertsje dat foar Napoleon yn Itaalje op kampanje wie, en oproppen wurdt om aanst it heitelân te befrijen. De melody is optein (ôflaat fan’e folksdûns de mazurka), en it refrein (“Marsz, marsz, Dąbrowski…”) tige oansteklik. Ik sil it jitris mear útwreide behannelje yn in searjetsje oer folkslieten as nasjonale symboalen, tink.

[Ta beslút noch dit: ik haw de nijste Ensafh trochgnoske, en mei wille it ferhaal fan Date Salverda oer in âld man dy’t begraffenissen by lâns rint lêzen. Allinne de lêste sin leit de moraal der wat te tsjok boppe-op. Nei it Sirkwy-barren yn Tresoar freed haw ik net west. Soks organisearret men ornaris de middeis en dan moat ik wurkje. Wol spitich, want ik hie graach ris wat mear libbene Fryske skriuwers troffen. En ús heit winskje ik, om ôf te sluten, in protte nocht ta by it hielendal trochlêzen fan myn blôch.]

Snein, alve april 2010.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , , , | 2 Comments »

Fan’e jeld en de dea

Posted by André Looijenga on 15/02/2010

Justerjûn seach ik de lêste ôflevering fan’e dramasearje Annie M.G., en ik moat sizze dat ik derfan ûnder de yndruk wie. Foar wa’t it mist hat, it is in wat nuveraardige biopic oer de Nederlânske skriuwster A.M.G. Schmidt, mei lietsjes skreaun troch it ûnderwerp. Sjoen’t it hjir om in echt besteande en noch net iens sa lang lyn weirekke dame giet, is it opmerklik hoe’n grutte rol der is foar in tige fiktyf elemint (Schmidt har ferstoarne man dy’t postume petearen mei har hâldt) en hoe tagelyk de âlderdom fan’e skriuwster opfallend réalistysk yn byld brocht wurdt.

De foarlêste ôflevering hie as haadtried it siikwêzen fan’e pinsjonearre echtgenoat, de dêropfolgjende depressy en syn úteinlike selsdea. Dy euthanasy hat sichtber syn ûntlústerjende kant, mar kaam dochs ek nei foarren as in die fan twa minsken dy’t inoar echt leavje. It lêste diel rûn fansels oan op’e dea fan’e âlde dichteresse sels. As in finsterfertelling healwei de ôflevering sjogge wy Annie oan it stjerbêd fan har heit. In gewoan stjerbêd, in âld man dy’t mei swiere sykhelling stil en ûngemurken de lêste amme útblaast, wannear sjochst soks no op tillevysje? En dan Schmidt har lêste dagen oant hja sels, op’e jûn nei har lêste jierdei, krekt as har man jierren earder in oerdoasis pillen mei in beevjend gleske port fuortdrinkt.

Selden haw ik sa’n echt en rûn karakter op tillevysje brocht sjoen as dit portret fan in hoekige, noartske, cynyske en fral eigensinnige âlde Annie M.G. Schmidt.

Moandei, fúftjin febrewaris 2010.

Posted in Sjoen | Tagged: , , | Leave a Comment »