Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘waar’

Sniejier

Posted by André Looijenga on 04/12/2010

En wer wie der snie.

Bysûnder hear, de fúfde moanne dit jier dat der snie leit. Mar dochs, lit my dit skoandere blôch en fral jo skoandere tiid en oandacht net opbrûke om oer it waar te jeuzeljen…

Wat it Frysk oanbelanget, bygelyks, is der it rapport oer de steat fan’e Fryske taal yn it ûnderwiis. En de (mar in bytsje) réaksjes dêrop, dy’t my fanút it heitelân berikje. In ûnderwerp fansels dat freget om in skerpe analyse. Om bygelyks wat oan te akseljen tsjin ien as Alex Riemersma fan’e Fryske Akademy, dy’t de ûngemaklike konklúsjes út it rapport wol hiel maklik oan’e kant skoot. It ûntbrekken fan ‘taalgrutskens’ by (alteast in part fan) de Friezen foar it Frysk oer, soe dat soms wat al te rûch de boaiem ûnder it ûndersyk fan Riemersma en dy fuortskoffelje?

No bin ik faaks in bytsje te erchtinkend, mar it fernuveret my bot, at dr. Riemersma, as ien dy’t grif wat fan sosjolinguïstyk ôfwitte sil, neat oan liket te kinnen mei de subjektive belibbing fan’e taal. “Met een woord als taaltrots kan ik niet veel,” fynt er. “Wat is dat? Trots op je taal ben je vooral buiten de grenzen.”

Op my alteast, as heale bûtensteander, komt soks oer as in symptoam fan in hiel beheind soarte taalwittenskip. Opdield yn spesjalismekes, sûnder it gehiel mear oer te sjen. Wylst in breed yn’e samenleving droegen soarch foar it behâld en trochjaan fan jins taal dochs echt wol in foarwearde is om sa’n taal tsjinoer in sterke konkurrinsje syn plak te jaan. En dy soarch (je soene dy, mei in wurd wêrfoar’t se op’e Fryske Akademy hielendal rydboskje soene, ek leafde foar de taal neame kinne), dêr ûntbrekt it neffens my by de gemiddelde Fries seker oan. Harkje mar ris om jin hinne, no. 

Nee, fleurich wurdt men net fan it Frysk op it stuit.

En dan Fryslân…

Read the rest of this entry »

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , , , , , , | 1 Comment »

Sinneskynwaar

Posted by André Looijenga on 18/03/2010

De sinne skynt fûl. It bliuwt de jûns wer wat langer ljocht. It gea is noch keal en plat, mar der blaast einliks maitiid oerhinne.

Ik sit fan’e moarn by myn âlden yn’e hûs, en sjoch út oer de feale greiden dy’t opwaarmje ûnder in himel dy’t wyt kleuret fan it sinneljocht. Sok soel skynsel ferdriuwt de tsjustere tinzen.

Miskyn jitte moaier fyn ik it de jûns ûnder deselde kleare iere maitiidsloft, at it goudige ljocht fan’e ûndergeande sinne oer alles hinne strykt. De gevels lâns de grêft, oars wat suterich, steane dan efkes stil en wat weemoedich te glânzgjen.

Skylk skriuw ik wol wat mear. Foar no, yn’e sinne sitte, oranjekoek ite, my ynlêze foar in stúdzjedei oer Callimachus moarn, op’e tiid mei de bus troch dizze ljochtsjende maitiidswrâld nei it wurk. Earst mar net tefolle stinne.

Tongersdei, achttjin maart 2010.

Posted in Uncategorized | Tagged: , , | Leave a Comment »