Krekt lies ik wat goed nijs liket te wêzen: de provinsje Noard-Hollân sil bekind meitsje net troch te gean mei de oanlis fan in mar oan’e súdkante fan it âlde eilân Wieringen. In wyld plan om nei tachtich jier as noch in mar op’e râne fan’e Wieringermarpolder oan te lizzen (sokke plannen hawwe/hiene se ek by de Noardeastpolder), dat troch projektûntwikkelders mei machtige freontsjes, tamtearre demokratyske kontrôle, brúskearre boargers, en faaks sels klearebare korrupsje, sûnder erchtinken trochtreaun drige te wurden. Saved by the crunch, liket it no. Inkeld jildpine hat dizze oerdwylske Noard-Hollânske ‘Blauwestad’ keare kind.
Oarekant de Ôfslútdyk leit Wieringen, in stoeve liembult mei in hânfol âlde doarpen. Lyts, mar wûndermoai sa’t it is. Rinne je der om, fielt it noch altiten as in eilân. In (West)frysk eilân boppedat, in soarte fan Gaasterlân dat fûl yn’e wyn op folle see ôfmeard skynt. De Wieringers ha wrotte moatten om harren pôle yn stân te hâlden. Hja bouden dykjes fan seewier om op it waad kegen te feroverjen foar in bytsje mear romte foar har skiep. Yn’e rin fan’e 19e ieu slaggen se der yn de Polder Waard Nieuwland te bedykjen, dy’t in bytsje mear wolfeart brocht.
De ien nei lêste dei fan 2009 swalken Plaatsman en ik om oer Wieringen. It hie snijd, der waaide in izige wyn fan it waad, de loft siet ticht yn alle kleuren griis, de lea hast beferzen stapten wy manmoedich om. It wie stjerrende kâld, mar wat wie it hjir ûnbidige moai. De gielstiennen pleatskes, de stânfêste tuorren, de kliffen, beamwâlen en túnwaltsjes, de oandwaanlik platte âlde wierdykjes dy’t ea de keech ferdigenen. Yn’e doarpen seachst posters foar de ruten, as in omdôch protest tsjin it wetter en de rekreaasjeparken dy’t dit burgen lântsje omstrûpe soene.
Mar no liket de súdrâne fan Wieringen rêden fan megalomane ûntwikkelingsprojekten. Polder Waard Nieuwland wurdt net splis set foar in pear boatsjefarders op wat mei in grouwélich ûnsjogge namme Lago Wirense hjitte moast. De seeklaai fan’e Wieringermar wurdt net opoffere oan in bytsje flugge winst yn it no. Lit ús it hoopje. Foar no mar even in fotootsje fan ôfrûn desimber.

Útsjoch op Hippolytushoef fan'e kant fan Stroe
Woansdei, trije novimber 2010.