Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘wurdwurk’

Wurdwurk – III

Posted by André Looijenga on 27/10/2011

Dizze wike haw ik dwaande west mei it wurk fan Durk van der Ploeg, de grut âld man yn’e Fryske letteretún, oan wa’t oer oardel wike de Gysbert Japicx-priis útrikt wurdt. Ta eare fan’e laureaat bringt ensafh in spesjale digy út, dat sadwaande.

Nijsgjirrich nei it iere, poëtyske, wurk fan Van der Ploeg haw ik okkerdeis syn earste twa bondels oantúgd. Lok op eachlingte (Drachten 1959) en It libertynsk gehucht (Ljouwert 1964).

Benammen de fersen yn Van der Ploeg syn twadde bondel sitte grôtfol ûnwenstige wurden. Safolle dat ik de helte derfan sûnder wurdboek net lêze kin, — eat dat wierskynlik foar hast alle Frysktaligen jildt. Dizze hermetyske taal sette my derta oan om dizze wurden dan mar allegear op te sykjen, dêr’t ûndersteande list it risseltaat fan is. (In ‘wurdwurk’ dus, lykas ik earder ris mei boeken fan Elmar Kuiper en Trinus Riemersma dien haw, mar dan mei mear wurden.) De oerdied oan frjemde wurden stjit ôf, mar lûkt my eins likegoed wer oan om’t ik dochs nijsgjirrich bin wát al dizze, dochs ek Fryske, wurden betsjutte.

Yn guon fan’e gedichten is Van der Ploeg sa fier gien yn’e úthernen fan it leksikon dat se as betsjutting hawwende fersen mislearre binne. It steapeljen fan ûnbekende(re) wurden set se tebek ta inkeld ritmyske klanken, dy’t tafallich ek noch yn it wurdboek stean. Wannear’tst dy lykwols op dat obskuere leksikon stoartst, blykje dy útwrydske wurden ynienen sparken fan in fergetten wrâld bedobbe ûnder ús deiske Frysk. In obskuer, okkult Frysk, út oerbeppe’ tiid grif, dat mei lytse skokjes ús ferbynt mei in wrâld fan lytse wâldklinten, duvelbanners, spoekferhalen, byleauwe en tsjoenderij. It is in taal dy’t ien is mei it tsjustere, profetyske en beswarrende fan de poëzij fan It libertynsk gehucht.

Om de ferbinings mei in ûnbekend eartiids dy’t se ús jouwe, dizze list mei bysûndere, ûnwenstige wurden dus. By guon haw ik in passaazje út it fers sitearre, om wat kontekst te jaan (hoewol’t dy gauris neat ferdútst): LE = Lok op eachlingte, LG = It libertynsk gehucht. Wurden mei in stjerke (*) steane net yn it Frysk Hânwurdboek. Twa gefallen holp gjin ien wurdboek by.

En se no mar besykje te brûken, no.

(O, en wurdsje fansiden noch: dit artikeltsje is al wer myn hûndertfúftichste blôchke. As jubileumblôchke mar even in grouwe âldfader, tink.)

.  

aalst (de): alsem, in bitter krûd, Artemisia absinthium L.

adamje: swier bealgje om de kost te fertsjinjen

ang (de): glâns, bgl. fan sûnens

babbe* (de): ûnnoazel frommes

banne: útdriuwe, fuortjeie; (neffens byleauwe dêrtroch) genêze – no’t it flesk flesk bernet / en it bloed bloed bant (LG 13)

beke* en beule: twa bernespultsjes, it ien mei knoopkes, it oar in werpspul

bewuolje: eat yn eat wikkelje

biggel* (it): big, jonge baarch – ik rûn as in harder it biggel nei (LG 9)

biuwe*: opskeppe, swetse, ‘poche’ – ik koe har ferhaal fan biuwen en faazjen (LG 16)

bloedeigen: bloedferwant, út eigen famylje

brûs (it): skom, bgl. op it wetter

buotsiker (= bûtsiker, de): strânjutter

dalje (de): fûle, rûge reaksje; skreau; slaanderij

fan degen oan*: fannijs, op’e nij

deidagen* (de, pl.): [stiet net yn’e wurdboeken, faaks: oerdeis, by ljochtskyndei] – muorren / dy’t fan de deidagen beplastere binne (LE 6)

elberich*: derten, blier, fleurich (fgl. Dútsk albern ‘healwiis’?)

elf*: froed, ferstannich – elf hoedet hja de drimpel fan / yngong en útgong (LG 20)

Read the rest of this entry »

Posted in Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , , , , | 1 Comment »

Wurdwurk – II

Posted by André Looijenga on 28/05/2011

Frysk leare je net (allinnich) yn’e buorren, fan jins âlden, lit stean op skoalle. Foar my alteast is it middel om myn Frysk fierder út te djipjen: lêze, en lêze. De basis fan it Frysk hat by my fan jongs ôf wol oanwêzich west, krekt as dat foar de measte fan myn Fryske generaasjegenoaten hooplik wol jildt. Mar de ‘écht Fryske’ wurden en útdrukkings foarby de brede basisbehearsking, haw ik, leau’k, pas yn’e ôfrûne tsien jier by-iengarre.

Noch altiten tink ik dat ik my yn it Frysk net better of autentiker útdrukke kin as yn (myn) Nederlânsk. Ommers hat in (leksikaal diels Fryskich) Nederlânsk altyd myn thústaal west, mar is der mei it Nederlânsk in folle riker ferskaat oan foarbylden om nei te folgjen. Meidat it Nederlânsk breder is, sa folle oanwêziger is, sil der eins gjin inkelde geletterde Fries wêze dy’t it Frysk better behearsket as dat Nederlânsk. Troch de posysje fan it Nederlânsk foar it Frysk oer, jildt soks net allinnich foar Friezen yn waans talige opfieding it Frysk twadst kaam.

Dêrom wantrou ik eins Fryske skriuwers dy’t úthâlde wolle dat hja Frysk skriuwe om’t se har yn dizze taal better, persoanliker útdrukke kinne. Persoanliker is autentiker, ymplisearje hja, en is dêrom yntrinsyk better. Harren Frysk is neffens my likegoed oanleard as mynt. De kar foar it Frysk hat de romantyske dizenichheden fan oanberne autentisiteit hielendal net nedich. Júst it oanlearde, it opheinde út in bûtenwenstige tradysje, it oeral fuort by-ienswile fan it literêre Frysk meitsje de taal foar my sok nijsgjirrich materiaal om mei te wurkjen. De kar foar in lytse taal lykas it Frysk hat alles te krijen mei de frijheid dy’t de lytsens jout.

Mar hawar, dêr sil ik skylk fêst mear oer sizze. Werom nei it by-ienswyljen fan minder bekinde Fryske wurden, it ‘wurdwurk’ dêr’t ik lêsten ek ris in blôchke oer skreau. Dit kear wurden út de lêste bondel fan in frij jonge dichter út Húns: Elmar Kuiper, mei syn Granytglimkes.

Elmar kiest yn syn glimkes mei opsetsin ek wurden dy’t net eltsenien yn syn basiswurdskat hat. Syn ynspiraasjewellen hat er dúdlik ék yn it wurk fan skriuwers út eardere generaasjes (wat yn syn gefal foar in part yn’e famylje bliuwt). Ien fan syn bêste fersen is diels in poëtikale ferklearring dat er “it krûdige mûltsje / it blomrike wurd” him ta-eigenet fan d’Âld Boer (sa’t ik him yn Tersoal neamd heard haw): D.H. Kiestra. It wie dit gedicht dat my oerhelle en keapje Granytglimkes. Ik haw dêr gjin spyt fan hân:

net grine

.

soan

net grine

.

de twadde ûngetiid krûpt

út’e fingers waakst

.

ik helje in splinter út dyn tomme

en reitsje yn’e mimer wei

.

ik ha de spiegel van de friese poëzie

van de zeventiende eeuw tot heden

en lês in fers fan douwe hermans kiestra

.

wêr priuwt it nei? nageltsiis?

wêr rûkt it nei? oploege hea?

.

ik anneksearje it krûdige mûltsje

it blomrike wurd en lit de flibe

oan de bek fan in ko

.

kom mar by heit soan

.

net grine

ik plak in pleister

op de grutste pine

By de presintaasje fan’e bondels fan Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal okkerdeis yn Britswert wie der in oerweldigjend ‘lûdlânskip’ (soundscape) fan û.o. de bruorren Kuiper. Mei it abstrakte fan lûd like hast mear as mei foardracht fan wurden djippe tinzen en bylden oerdragen te wurden, of tenminsten sa oerstjalpen my dizze doarmjendende klanken. No ja, ûnder wurden te bringen is soks eins net, prachtich wie it ál.

My stiet by hoe’t Elmar op in stuit syn mikrofoan oer syn eigen lichem streake, en ek oer de mânske griisstiennen 16e-ieuske sark dy’t foar him yn it gongpaad lei. Út de wurden dy’t ik út syn bondel tept haw, heinst ek op hoe sensityf at Elmar Kuiper syn waarnimmings binne yn syn fersen. Hoe’t er mei syn rike Fryske wurdkar hiel presys súntsjese beweginkjes en lûdsjes, neist snelle en hurde, ûnder wurden bringe kin.

Teister, teppe en oantippe binne skoandere wurden om súntsjes mei te fielen. Skimkje is in wûnder wurd foar it flugge fleanen fan sweltsjes, at se boppe in sleat op michjes jeie. Súntsjes krieze de stientsjes ûnder de fuotten. Wylst it oan’e kant sa stil wêze kin datst de fûgelwjukken knierjen hearst, kinst yn it Frysk ek skerp it hurde en it (al as net ûngekontrolearre) rûge ferwurdzje: djoeie, flymje, moartsje, pylkje, ramaaie, rimpentyskje.

Hjirby dus wer in listke wurden dy’t ik foarhinne net (of mar heal) koe:

bedjipje: peile, oerdr.: hielendal ta de boaiem begripe

blaai (de): tonge (fan in bist, of yn rûge taal)

briedklok (de): briedende hin

djoeie: libbenich, derten en oerdwylsk omspringe; paringsdrift hawwe (fan manlike bisten)

eachein (it): horizon

eazje: hiel hurd reine, ben. yn: reine dat it eazet

fersêdzje: sêd meitsje

fersmite: mei klam ôfwize

ferwâdzje: fertraapje troch earne trochhinne te rinnen

flymje: mei in skerp mes snije; pine dwaan

de fûst krôlje: de hân ta in fûst meitsje

geld: ûnbefruchte, ben.: gelde aaien

grissel (de): in lyts bytsje, bgl: ‘in grissel moed’

jok (de): sij, wyfke fan’e ljip 

kloer (de): klau fan in rôffûgel

knierje: skarnierjend bewege, bgl. flerken

kommendeweis wêze: ûnderweis, op komst wêze

krieze: it lûd meitsje fan sân tusken de tosken, of fan stientsjes ûnder de klompen

de lapen gearsmite: trouwe gean [in frijwat ûnsjogge útdrukking, neffens my]

lijwetterich sjen: suf út’e eagen sjen

mallemok (de): in seefûgel, Noordse stormvogel (Fulmarus glacialis L.)

moartsje: hurd skrieme, skreauwe

mûdhûn (de): soart fisk, zeelt (Tinca tinca L.)

oantippe: efkes licht oanreitsje

omtoarkje: sûnder doel omswalke

opwâlje: opwelje

pylkje: flitse, foarby sjitte as in pylk

plakjeboartsje: ferstoppertsje boartsje

plan-út: iepenlik, sûnder te skamjen of te ferbergjen

pûdsje oan in spiker: (skelwurd) sukkel, sloppeling

ramaaie: wyld om hinne slaan

rimpen: hastich, rûch, mei wyld en krêftich om him hinne slaand 

rudich: skurftich, bgl. in rudige hûn

skatterje: hurd laitsje, of in dêrop lykjend lûd meitsje

skimkje: leech earne oerhinne fleane (benammen oer wetter), bgl. as in sweltsje

sljochtwei: (bywurd) simpel, gewoan

smout: lij, smûk, gesellich

snústerich: in bytsje suterich, earmoedich, fersliten

spekrûp (de): larve fan in tuorre (tor)

spytgnyskje: spottend gnize

stjurje: hurd wurde, stollen

teister (de): eat lyts en tins dat útstekt, bgl. in hier, in fielspryt fan in ynsekt, in wimper, in sliertsje of in plúske

teppe: eat earne út plukke, lûke; eat súntsjes oanreitsje

(earne op) tidigje: earne op rekkenje, earne fanút gean 

tyskje: hinne-wer bewege, hieltyd hinne-wer slaan; hieltyd earne op slaan (ben. op bisten) 

yn ûnmacht lizze: op’e rêch lizze en net mear oerein komme kinne, lykas in skiep 

welle (de): boarne

woltier (de): voorspoed, welvaart; goede sûnens

Sneon, achtentweintich maaie 2011.

Posted in Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , , , , , | 4 Comments »

Wurdwurk

Posted by André Looijenga on 03/05/2011

By dizze it begjin fan in nije rige blôchkes op it Frysk Deiblôch: Fryske wurden dy’t my opfoelen om’t ik se eink noch net koe (of yn elts gefal net brûke soe). Op himsels is myn taalbehearsking seker foarútljept it ôfrûn oardel jier, mar noch altiten fiel ik myn leksikale gatten by it Frysklêzen. Yn it skriuwen manûvrearje ik dêr wol wat omhinne, mei de nedige nederlannismen en útflechten. Ik wol de gevere, âldere taal lykwols wat mear eare tadwaan as wenstich, dat ik moast der mar ris opút en sparje bysûndere wurden. Ik helje se net sa út it wurdboek of út in hânboek foar idioom, mar gewoan út literêre boeken dy’t ik tafallich krekt oan it lêzen bin. Om der net allinnich sels ferlet fan te hawwen, set ik myn earlike fynsten, mei har definysjes, hjir op it Deiblôch. Mei it doel fansels dat wy se brûke, en wy it Frysk faaks net oeribele geef mar al ryk en rynsk hâlde.

De wurden hjirûnder komme út in behindich filosofysk boekje fan sa’n tsien jier lyn. De auteur hold fan kuierjen en swimmen, en is yn 2001 weirekke. Ik meitsje der efkes in riedsel fan. Wa wit yn hokker boek ik dizze wurden lêzen haw? 

begnuve – besnuffelje

bewrotte – troch wrotten (hurd wurkjen) ferkrije

bjinderje – skjinfeie

bûtenwenstich – ûngewoan

deldrachtich – plat, banaal, leech-by-de-grûn

dúst (de) – dreun, klap, stoat

dwerse kneppels (de) – dat wêr’st ien mei dwers sitst

eachweid (it) – blikfjild, útsjoch

earmelytsens (de) – begrutlike sitewaasje; sels-meilijen

earmhertich – bekrompen, gierich (tsjinoer: romhertich)

ferhûddûkje – hieltyd slaan, mishannelje, ûnderdrukke

ferpopkje – as in lytse poppe behannelje; ferwenne, fertroetelje

fyftel – fjouwer-en-heal

gearpongelje – slordich yn elkoar draaie

grime (de) – woede, lulkens

heislik – ferskriklik

hymje as in brúnfisk – swier hymje (‘hijgen’)

hûkearzje – hurke, op’e hurken sitte

in klap mei de moalpûde krije – it ferstân kwyt reitsje

kliemsk – klef; seurderich, eamelich

de kniper komt op’e skine – it komt deropoan, it giet derom 

krebintich – stiif (fan lea), hampelich (yn it rinnen)

loarte (de) – drol, keutel

mishipt – misfoarme; misdiedich, kwea

mishiptichheid (de) – misstap, misdied

nammers – trouwens

nukke – (bgl. in bal) goaie, smite

mei-inoar oanklaud sitte – mei-inoar opskipe wêze, ta inoar feroardield wêze

(ien) oandeare – (ien) oan it herte gean, (ien) muoie

oereidzje – eins: op’e nij eidzje (‘eggen’); eat nochris besjen, nochris beprate

oerloegje – oerláde, tefolle lade, tefolle opstapelje

ompartsje – útdiele

omsteuterje – (as in âld minske) foarsichtich en stadich omrinne

raar oan’e broek skuorre – frjemd opsjen

redsum – handich, feardich, fluch

saksearje – bedaarje, bekomme, minder wurde, ôfsakje

skansearje – skeine, geweld oandwaan

smûge – swier, lûd en dreech sykhelje

staach (de) – famylje, laach

efteroer teare – kantelje, omfalle 

tsjinstuit (de) – tsjinslach

ûnbewêsten – ûnbewust

útwekke – ferswakke, ferâldere (bgl. ien syn lichem)

útwrydsk – frjemd, fier-socht, eksoatysk, opsichtich

wearzich – ôfkear opwekkend, akelich

winliken – eins, einliks, yn wêzen

(ien) wjerfarre – (ien) oerkómme, (mei ien) barre

wjerstribbich – wjerspannich, tsjinakseljend

de wrâld op’e nekke nimme – swier oan alles tille

Myn eigen favoriten út dit listke binne de byldzjende adjektiven deldrachtich, krebintich, mishipt en redsum, en it swiere sykheljen dat útdrukt wurdt yn smûge en hymje as in (oanspielde?) brúnfisk. In dúst klinkt echt lykas krigest him yn’e side. Dat ik loarte net koe, lit pynlik sjen hoe ferhollânske myn Frysk júst yn’e legere regioanen winliken is.

Tiisdei, trije maaie 2011.

Posted in Taal | Tagged: | 5 Comments »