Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘foto’

Wachtsje op winter

Posted by André Looijenga on 05/12/2011

Desimber is it ûnderwilens. Niis foel der wat heil. De wolkens jeie en it is lykas ûnthjit it dimde, skeane ljocht kjeld en snie. It is wachtsjen op ‘echte’ winter. Slim winter.

Hjirûnder in fotootsje fan twa jier lyn (29 des. 2009), lâns in dykje tusken Sint-Maarten en Valkkoog, by Skagen yn Westfryslân. In keale ikker. In âld hok en in rustich lânbou-reau.

Yn sfear hat Westfryslân, yn dy kriten, grif wat fan’e noardlike Fryske bou. Keale klaai, pleatsen, krimpdoarpen, rust. Altiten wyn, en by winter kjeld.

De ferbining fan Frysk en kjeld is al âld. Net om’e nocht lei Gysbert Japix yn syn ‘Nauw-keurigen Needer-lander’ (fan 4 july 1655) it skaaimerkende Fryske â-lûd út mei de wurden: “…gelijk de Schier-kraey ‘s winters sneeuw en ys-vorst-kille uytkeelt, met een FRIESCH woord: Kâd, Kâd. i.e. koud, koud…”

Kâld is it hjir by ús, mar it is in kjeld net sûnder in beskate skientme.

Moandei, fiif desimber 2011.

Posted in Fryskens | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Ray sur Saône

Posted by André Looijenga on 31/10/2011

In moai hjerstplaatsje fan no twa wiken lyn yn’e Franche Comté yn Frankryk. It doarp Ray en de rivier de Saône, sjoen fan it kastiel ôf. Freonlike heuvels, in rêstige stream, in typysk Comteeske tsjerketoer.

Moandei, iennentritich oktober 2011.

Posted in Dien | Tagged: , | 1 Comment »

Reiderlânske Reis

Posted by André Looijenga on 12/07/2010

Al as net de hûnsdagen, ôfrûne freed stuts ik mei in goefreon op’e fyts ôf nei it easten. Oer Slochteren, Noordbroek, Scheemda en Midwolda trapen wy de 50 km fuort rjochting Dútske grins. De sinne stie leech en de jûn wie soel, doe’t wy ús deljoegen oan it ‘Oldambtstermeer’. Sa sjocht dat ferneamde (en beruchte) Blauwestad der dus út, sjoen fanôf de dyk tusken Midwolda en Oostwold. Midden op’e foto sjochst in baggerboatsje dwaande op’e nije mar. It is krekt of is de mar noch net ôf. Faaks wurdt der baggere om it gers fuort te heakkeljen, dat noch op’e boaiem groeie soe fan doe’t it hjir jit greidlân wie.

Blauwestad

Myn fytssinnige freon wennet yn Nijeskâns, in tsien minuten rinnen fan it eastlikste puntsje fan Nederlân. Dy oarde hawwe wy op in nachtlike kuier ek noch efkes opsocht. It echte eastpunt leit midden op’e A7, mar wy al even dêr deunby neist it blauwe boerd mei “Nederland” by de fangreels stûn. Wy hiene doe ek al oer tsjustere polderdykjes de grins oer west. Ik wie suver wat teloarsteld dat der gjin dûane- of Zoll-patrûlje wie dy’t ús fan smokkeljen fertocht. (Myn freon wie lêsten noch oanholden troch de maresjaussee, om’t er op in lyts blokje-om by syn eigen doarp it paspoart fergetten wie.)

Read the rest of this entry »

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , | 4 Comments »

Wetsens

Posted by André Looijenga on 05/05/2010

Ek noch mar efkes wer in plaatsje fan ôfrûne sneon. Dit kear út’e tsjerke op’e hege terp fan Wetsens: de jûnmielstafel mei de âld steatebibel en gieljittersguod. Let ek op (it restant fan) it doophek en de âlde tichtmetsele hagioskoop. In wijd plak, op syn protestants.

 

Woansdei, fiif maaie 2010.

Posted in Tsjerken | Tagged: , | Leave a Comment »