Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Gedicht: isofloedlinen

Posted by André Looijenga on 30/07/2015

Okkerwyks is der fan my wer in gedicht publisearre yn Ensafh. It is in ‘Klaai-frysk lânskipsgedicht’, soe ik it sels omskriuwe wolle. Josse de Haan frege him ôf oft it “In nije foarm fan abstrakte poëzy?” is.

.

isofloedlinen

.

de see bestiet net

it slyk, seedyk, de rjappelklaai

foarboaden fan in neat

.

in sûnder wat

.

kluten < kerrels < grús

see is griis fan plúskes grûn

boaiem swart fan wetter

.

ien grins is der net, tusken

ús en leechte

útsein fan isofloedlinen tekene

.

de fêste klaai foarseit, ûnthjit

in neat bestiet

.

Hjir waard it fers isofloedlinen earder publisearre.

 

Posted in Skreaun | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Poëzij: simmerhjerst

Posted by André Looijenga on 14/08/2014

Posysje sykje. My ynlêze. Nije rigels priuwe. Se opskriuwe. Werom wêze út de Skriuwersarke. Unbeheind liener wêze (no noch wol). Wer fierder lêze. Wat by-inoar skriuwe. Posysje noch net fûn; der wol protte oer neitinke.

Mei gedichten bin ik dwaande, op ‘t heden. En mei wat nedich wêze moat, foar nije poëzij yn it Frysk. Frege wat oanrikkemindaasjes: hjir lizze no Jeroen Mettes en Dirk van Bastelaere en fraachpetearen oer De kunst van het dichten. Ut mysels hie ik op ‘e strún nei poëtika al W. Bronzwaer en Ilja Pfeijffer en Piet Gerbrandy derby helle, mar dy spylje in thúswedstryd by my as klassikus. Better ek in útwedstryd weagje.

Haw dêr op ‘e Arke dus ek dichte. Dit bygelyks. It waard op 8 augustus lêstlyn publisearre op www.ensafh.nl, sá likernôch (haw twa wurden wizige):

.

simmerhjerst

de sinne tuollet al wat earder
(te witten: ienentweintich oere achttjin)
al wer murken koartet ús de tiid

it ljocht skeanet, tekenet djipper
eigen merkeldagen mjitte no it rispjen
each-ier yn ’e spegel, burdhier op ’t perslein
wanhope delgong siket wjerwurd
ferjierjen docht klokwizers har fuotstap

protters gûnzje har kloftsjende wjukjes
yn eskader natoerlyryk (kin ’t net helpe)
jûnsfleane yn frije foarm

oft dit dan healweis is op it paad, my
yn gleane middei net ferfytst?

krûdich rûkst it, en fruit, en fallen blêden
(genietsje de skyn fan folle tastân
drinzgje it skoft yn lije wyn
ynheljen is dij hoart genôch. faaks)

it firmamint lûkt dan de siden pjama oan en
ranjaread priuwt wetters grûne

(mei mooglik makke troch it douwe kalmafûns en it fryske gea)

.

(c) A.R. Looijenga

.

Tongersdei, fjirtjin augustus 2014.

Posted in Skreaun | Leave a Comment »

ItNijs hoech ik foarearst net mear te lêzen

Posted by André Looijenga on 23/07/2014

Ik haw krekt de link nei de saneamde Frysktalige “nijswebside” It Nijs fuorthelle út de “Blogroll” hjir rjochts op jo skerm. It Nijs is it online úthingboerd fan de Rie fan de Fryske Beweging. De idee derefter is moai: nijs rûnom út de wrâld beskikber meitsje yn it Frysk. De Fryske Beweging bin ik as Fryske skriuwer no ien kear mei anneks troch myn kar om yn it Frysk literatuer meitsje te wollen, en oer it ginneraal stypje ik fansels de “striid” foar mear en better Frysk. Mar de side It Nijs kin ik jo net langer oanriede om te lêzen.

De kwaliteit fan dy webside is yn ynhâld en foarm swier ûnder de mjitte. De minne taalfersoarging jout, lykas faaks bekind, al folle langer argewaasje: ien as Daam de Vries hat der al geregeldwei sines oer skreaun. It is gauris in nuvere gearmjuks fan ûnidiomatysk oerset Hollânsk, grammatikale staveringsflaters, en ûnnedich fiersochte neologismen en — om it sa mar te neamen — “leksikonismen” (folslein ûnbekinde wurden dy’t earne djip út de wurdboeken opheakkele binne). Yn alle gefallen lêze jo op It Nijs nóch in libben deistich Frysk, nóch in Frysk dat in krûm oan literêre belêzenens ferriedt; lit stean (wat it bêste wêze soe) in elegante kombinaasje fan sprektaal en literatuertaal.

Yn uterlike fersoarging (webdesign) is it in amateuristyske earmoed dat it sta seit by It Nijs. En is it ek by wat de Rie fan de Fryske Beweging fierders op it wrâldwiid wêb en yn printe foarm fan harsels sjen lit. Mar lit my my no ta de ynhâld beheine.

Neist in geregelde karút oan “lichte berjochtsjes” dy’t de puberale kant neist binne (oer kullen en fodzen en soks), miene se op It Nijs ek oan puntich stikeljende satire dwaan te kinnen. De risseltaten dêrfan wiene meastens al net fan hokfoar nivo ek kwa humoristyske taalmacht, mar okkerdeis ha se har tryst fertild oan grapmakkerij oer de ramp mei flecht MH17. Ik sil de wangrappen net werhelje: mear oer de saak lêze jo by Cornelis van der Wal. Ek Koos Tiemersma koe fuortendaalks de humor hjir net fan ynsjen, en Kitty-Madison Snel wol foarearst net mear meiwurkje oan It Nijs.

Dat sadwaande. Wat my dwers sit, is yn it foarste plak it gebrek oan redaksje wêrtroch It Nijs sa’n ynhâldlik ûndermjitske side is. En dêrneist de net te leauwen sa behyplike ambysje dy’t it gehiel dat It Nijs is, útstrielt. Anti-reklame foar de Fryske taal, foar de Fryske saak!

Woansdei, trijentweintich july 2014.

Posted in No-tiid | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Kloetsjend foarút

Posted by André Looijenga on 05/07/2014

Op de Skriuwersarke sit ik no. Moandeitejûn bin ik hjir oankommen, fytsende út Grins wei. Hjoed is de earste dei mei rein, en: eins is dat sa min net. Lit ik my yn elts gefal net ferliede om út fytsen of út farren.

Op myn blôch sil ik wierskynlik it measte net skriuwe oer myn tahâlden op de Arke. Dêrfoaroer komme der op ensafh.nl ûnrigelmjittich ferskinende ferslaggen fan ik hjir útheef. Sokke dingen bygelyks (mei tank oan Wobbe Atsma, dy’t de foto’s makke hat):

by ´t arkje  1

En noch mar ien, wylst ik earnstich stean te kloetsjen:

by ´t arkje 2

En hjir mei it noflike ûnderkommen en de swanneblommen yn byld:

by ´t arkje 3

Sneon, fiif july 2014.

Posted in Dien | Tagged: | 1 Comment »

Sa mar in útslach fan Europeeske ferkiezings

Posted by André Looijenga on 23/05/2014

Juster wie ik it grutste part fan de dei yn tou foar de Europeeske ferkiezings. Ik wie wer lid fan it stimburo, hjir yn Grins. No sille guon fan jim tinke: saai en dreech, mar eink fyn ik it machtichmoai. De hiele dei de demokrasy tsjinje, in hantsjefol regeltsjes neilibje, oarder beweitsje, neutraliteit bewarje, freonlike petearkes mei stimmers en passanten. En dan de jûns de stimmen telle… dat dan alle ferskillende foarkarren fan de minsken dy’t delkamen, fan in bak fol blêden sortearde steapeltsjes wurde, en siferkes, en útslaggen. Yn in protokol wurde de siferkes dan fêstlein (en jitris fêstlein), en de papieren en sifers geane yn sluven en pûden. En dêr sit dan fan elk dy’t stimme woe in miening yn, anonimisearre, mar allegear like swier meitellend.

Machtichmoai, dochs.

Eardere kearen siet ik op it stimburo yn it Treslinghuis, midden yn de Oosterpark. In aparte mjuks fan heech-oplate jonge húshâldings, âlderein, en, no ja, Oosterpark-minsken om sa te sizzen. Haw ik it in oare kear noch wol oer. No siet ik lykwols yn it UMCG, it bekende akademysk sikehûs. Mar in pear strjitten fierderop, en dochs in oare weareld: sikehûspersoniel út de hiele stêd, foar trijefearn froulju, goed de helte wie jonger as my.

De útslach wie ek oars. My tinkt, ik kin wol aventoerje en meld hjirûnder gewoan mar even hoe’t de stimmeferdieling wie by ús op stimburo 431. De útslach is yn prinsipe net geheim; allinnich wurdt de úteinlike lanlike útslach wurdt sneintejûn let pas iepenbier makke. Mar yn it bedriuwsrestaurant dêr’t wy stimmen telden, siet ek in jonge “waarnimmer” te wêzen. Dat sa. Dit dus (ûnder foarbehâld):

1. CDA (EVP): ……. 36 stimmen

2. PVV: ……………. 21 stimmen

3. PvdA (PES): ….. 90 stimmen

4. VVD : …………… 52 stimmen

5. D66 (ALDE): …. 168 stimmen

6. GroenLinks: ….. 79 stimmen

7. SP: ………………. 24 stimmen

8. CU/SGP: ……….. 25 stimmen

9. Artikel50: ……..  2 stimmen

10. IQ-partij: —

11. Piratenpartij: … 6 stimmen

12. 50Plus: ………… 4 stimmen

13. De Groenen: ….. 1 stim

14. Anti EU(ro): ….. 1 stim

15: Lib.Dem.Partij: .. 1 stim

16: Jezus leeft: —

17: ikkiesvooreerlijk: —

18: PvdDieren: …….. 21 stimmen

19: Aandacht en Eenvoud: —

blanko stimmen: 3

ûnjildige stimmen: 3

Yn totaal hawwe der by ús dus 537 minsken stimd. Ik wit net oft dat mear as minder is as yn 2009. Yn alle gefal hienen wie it net smoardrok. Mar der sieten twa stimburo’s neistinoar, dêr’t by-inoar omtrint 1100 stimmen útbrocht binne.

Fan dizze stimmen telle der 531 mei foar de útslach. Stel no as op grûn fan de útslach fan ús stimburo de Nederlânske sitten yn it Europeesk parlemint ferdield waarden… Nederlân hat 26 sitten. Neffens it rekkenmasjyntsje komt de kiesdeler (531 dield troch 26) út op 20,4230769230769. Foar it gemak rûnje ik dat ôf op 20,5. (It giet ommers om it idee.) Dat soe de folgjende sitteferdieling opleverje:

1. CDA (EVP): ……. 1 sit (+ 15,5: dat jout 1 restsit; dus: 2 sitten)

2. PVV: ……………. 1 sit

3. PvdA (PES): ….. 4 sitten

4. VVD : …………… 2 sitten

5. D66 (ALDE): …. 8 sitten

6. GroenLinks: ….. 3 sitten (+ 17,5: dat jout 1 restsit; dus: 4 sitten)

7. SP: ………………. 2 sitten

8. CU/SGP: ……….. 2 sitten

18: PvdDieren: ….. 1 sit

Ferlykje dat mar ris mei de lanlike exit-poll fan justerjûn… Europa kin wiis wêze mei de stimmers yn it UMCG. Krekt as by de lanlike útslach: rjochts-populisme is op syn retoer, de measte minsken dy’t komme te stimmen binne net tsjin Europeeske gearwurking; én ferpleechkundigen en heger-oplate jonge froulju stimme dúdlik wat ‘pears-plusser’ as de gemiddelde Nederlanner.

Stimmen telle, allegearre like swier, salang’t se mar útbrocht wurde.

Freed, trijentweintich maaie 2014.

Posted in Dien, No-tiid | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Marten Clant, in Fryske histoaryske roman út 1870

Posted by André Looijenga on 15/05/2014

My foel okkerwyks it foarrjocht ta diel dat ik boeken útsykje mocht út de neilittenskip fan Dick Eisma (1941-2011), frisist en ûnderwiisman. Eisma hie troch de jierren in grutte samling frisistyk en Fryske romans by-inoar garre. Ien boekje út de bibleteek fan myn âld-learaar — as brêgeklasser hie ik yn 1994/1995 ien oerke wyks Frysk fan Eisma — wol ik jo yn dit blôchke foarstelle. It is in boekje, dêr’t ik sels net fan wist dat it bestie: Marten Clant, ef de Swerveling fen Boxum. Historisk-Romantisk Forhael fan P. Bleeksma.

Dit is de foarkante fan it boekje:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Dat sjocht der net út as printwurk fan om 1870 hinne; earder as in Frysk boekje út ûngefear de jierren ’20 fan de tweintichste ieu. Ommers de folgjende side liket hiel oars. Dêr wurdt in jiertal fermeld, en in plak en útjouwer: to Liowerd, by A. Jongbloed. 1870.

Op it nije omkaft stiet in oare útjouwer: D. Nieuwenhuis. Boppedat is de plaknamme stavere neffens de (noch jildende) konvinsjes fan Colmjon: Ljouwert. Stavering fan dy namme en it lettertype wize derop dat dit boekje desennia neidat it printe waard in oar omkaft krige. Ik ferûnderstel dat it hjir gong om in restpartij eksimplaren fan Marten Clant by printer/útjouwer/boekhanler A. Jongbloed wei, dy’t jierren letter troch D. Nieuwenhuis op ‘e nij op ‘e merk brocht waarden. Mooglik dat Nieuwenhuis dêr brea yn seach, omdat yn de earste desennia it Fryske kritewêzen opbloeide, en Friezen om utens en thús hieltyd mear Fryske boeken liezen.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

P. Bleeksma hat dizze ‘werútjefte’ net mear meimakke. Pieter Geerts Bleeksma (1821-1897) wie berne yn Reduzum, hat skoalmaster west yn Skingen en Jiskenhuzen, hat yn Hurdegaryp wenne, en is yn Sint-Nyk ferstoarn. Bleeksma wie belutsen by de Winterjounenocht, en yn 1852 wie er arbeidzjend lid fan it Selskip-1844 wurden (itselde jier as Tsjibbe Gearts van der Meulen).

Yn de katalogus fan Tresoar fûn ik noch in pear oare titels fan P.G. Bleeksma: in toanielstik Snip snapt, ef, de helper tsjin wille en tank (1877), in bondeltsje Rym en onrym: moaie foardrachten for jonge en âlde ljue (1886), noch ien út de kwartsjesboekerij Rymkes út de rarekiek for jonge en âlde ljue (1886), en dêrneist ferskate stikjes yn tydskriften. In toanielstik Gled mis Omke is yn manuskript út 1895 (ms. FLMD 247) bewarre bleaun, mar net publisearre. Ut deselde katalogus docht bliken dat der sûnt 1980 net mear wat skreaun is oer Pieter Geerts Bleeksma.

Dan slane wy it boekje iepen. As motto in sitaat út Rinse Posthumus syn ferfrysking fan Shakespeares Julius Caesar. (Hee, tink ik no, soe Douwe Kalma of in oare Jongfries faaks by dizze restpartij fan Marten Clant belutsen west ha?) Dan begjint de roman, by de neisleep fan de Slach by Boksum, 17 jannewaris 1586 — de lêste fjildslach yn it kearnlân fan Fryslân (oant maaie 1940). It spannende ferhaal set útein mei de sfeartekening fan in ferlitten en ferrinnewearre kleaster by Baard, fan wêrôf’t jo yn ‘e fierte it doarp Boksum baarnen sjogge.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

As priuwke fan hoe’t Bleeksma skriuwt, de lêste alinea fan de earste side (justjes wertaald, mar Bleeksma syn Frysk is — ôfsjoen fan de semi-Iduna-stavering — net oeribele âldfrinzich):

Stil, deastil wie it by en om it kleaster hinne. De keale beammen, troch de winter fan har blêden berôve, slierden mei har tûken tsjin it tek en de muorren oan, de wyn sûsde yn ‘e flearbeammen, en út it binnenste fan it kleaster, hearde men, nei’t de tsjusterens tanaam, nuver frjemde lûden, as wienen it foarboaden fan geasten en spoeken. Koartom, alles like spoekeftich. De lange skaden, dy’t de beammen, by de ûndergeande sinne, tsjin ‘e muorren tekene, waarden wei mei de skimering; en doch wie it as woe it dizze jûn net goed tsjuster wurde.

Op sa’n grizelich plak kin it net goed komme, fansels…

Wy sjogge fan fierren it stal fan in folwoeksen man, mei twa bern. It is Melchior Clant, de dûmny fan Boksum, dy’t — syn frou en âldste soan hawwe it net oerlibbe — op ‘e flecht is út syn doarp. Mei it lytse famke en it jonkje Marten ferskûlet de heit by it spoekeftige âld kleaster, want plunderjende Spanjerds te pearde komme deroan. De flechtlingen wurde ûntdutsen. It rûge kriichsfolk sjit it warleaze famke del. Melchior rekket ferwûne, mar mei in priem dy’t er yn ‘e bûse hie, skeakelet er noch trije fijannen út. Sadistyske útlânske soldaten, in ynienen fjochttûke geastlike: it is suver in aksjefilm dêr neist de kleasterkapel! — Dan ferskynt dêr de oanfierder fan de Spanjerds: dy bestraft it geweld fan syn manskippen, priizget Melchior om syn moed en lit de heit efter by it deade dochterke, en de jonge Marten Clant nimt er mei. As oarlochsbút.

Dit alles dus op de earste pear siden. De skoalmaster Bleeksma fertelt yn Marten Clant it ferhaal fan de tachtichjierrige oarloch yn it noardeasten fan Nederlân, diels troch de belibbenissen fan de swerveling Marten, diels troch it neifertellen fan de ‘grutte’ skiednis fan Steatske oanfierders en fjildslaggen. In boekje, dêr’t faaks mear yn sit as út de ferjittelboeken fan de 19e-ieuske Fryske literatuerskiednis tinken docht.

Tongersdei, fúftjin maaie 2014.

.

Tajefte: net fuort hiel relevant, mar ik seach krekt dat P.G. Bleeksma, ûnder de skûlnamme Eman al yn 1852 in behindich Frysk boekje (44 s.) útbrocht hie: Ien winterjouns gearkomste by Jolle boer.

Posted in Skriftekennisse | Tagged: , , , , | 2 Comments »

Hans Pleschinski lies foar út Königsallee

Posted by André Looijenga on 12/05/2014

Niis wie ik hjir yn Grins by in lêzing fan Hans Pleschinski, in ferneamde Dútske Schriftsteller. Moarn 13 maaie sil er, nei it skynt, noch in lêzing hâlde yn Ljouwert. By de NHL sil dat wêze — it krekte tiid & plak wit ik eink net (nuverdernôch fûn ik sa gau op ynternet net in oankundiging). Pleschinski lêst foar en praat oer syn nijste roman: Königsallee. It boek is tige de muoite wurdich, giet oer Thomas Mann, oer de weropbou fan Dútslân nei de oarloch, oer kultuer, humaniteit, Bildung, fersoening en de leafde, en oer de grutte (manlike) leafde yn Thomas Mann syn libben. Pleschinski syn Königsallee kin ik elkenien fan herte oanriede: dat besykje der noch by te wêzen wannear’t dizze grutte skriuwer foarlêze sil oan de NHL yn Ljouwert!

Königsallee spilet him ôf yn Düsseldorf, yn de simmer fan 1954. Thomas Mann, de Nobelpreisträger, de grutste libbene Dútske skriuwer fan syn tiid, dy’t de nazi’s ûntflechte wie nei Switserlân, nei Amearika, is op toernee troch de Bûnsrepublyk. Tagelyk is ek Klaus Heuser weromkaam yn syn bertestêd, neidat er 16 jier yn Yndoneezje, Shanghai, Hongkong trochbrocht hat as sakeman. Heuser hie Mann kennen leard yn 1927, op it strân fan Sylt, dêr’t de ferneamde skriuwer fereale rekke op de 18-jierrige gymnasiast. De jonge kaam del yn München, waard de Muze fan Thomas Mann, de ynspiraasje ta de haadfigueren fan syn romans oer Joseph en faaks ek Felix Krull.

En no is Klaus Heuser werom yn Düsseldorf, krekt wannear’t Mann yn itselde lúkse hotel útfanhûs is. (Mear oer it ferhaal kin ik winliken noch net ferklappe: sneon bin ik begûn te lêzen, ik bin no healweis.)

Hans Pleschinski fertelde jûn ek oer hoe’t dit bysûndere boek ta stân kommen is. Al langer beschäftigt mei de 20e-ieuske klassiker(húshâlding) Mann, wie er fassinearre troch de “Klaus Heuser”, dêr’t Thomas Mann yn syn lêste jierren geregeldwei yn syn deiboeken oer skreau. Heuser moast wichtich west ha yn Mann syn libben en wurk, dat: wa wie Klaus Heuser eins? en wat wie der fan him woarn? — Pleschinski fertelde dat er doe mar it tillefoanboek krigen hat, en de earste Heuser te Düsseldorf dy’t er skille wie fuort in muoikesizzer fan Heuser syn nichtsje en erfgenamt. Dizze âldere dame noege de skriuwer daalks út en kom lâns as der mear witte woe “oer de leafde tusken Thomas Mann en har omke”.  In hutkoffer fol papieren, brieven, foto’s kaam oan it ljocht — dizze skatkiste hat, mei de rike skreaune neilittenskip fan de Mann-clan, laat ta dit tige lêzensweardige, ûnderhâldende, ferrykjende boek Königsallee.

KönigsalleeDútske boeken falle by ús yn Nederlân meastentiids bûten it berik fan de literêre radar. Ommers, de antennes steane, ek yn Amsterdam, suver inkeld rjochte op it Ingelske taalgebiet, wat nije nijsgjirrige boeken oangiet. Fandêre dat jo Pleschinski en Köningsallee jitte net kenne sille (hoewol, dochs in posityf besprek yn it NRC, sjoch mar). Komt der ea in oersetting yn it Nederlânsk? Ik betwivelje it: hoe’n konneksjes Mann yn de jierren ’20 en ’30 ek hie mei Nederlân, hoe’n rol Nederlân (en -nners) ek spilet op de eftergrûn yn it wurk fan Pleschinski (en fan Mann), ik eangje dat it lichtkâns allegearre fierstente Dútsk (en Dútsk-literêr) wêze sil foar de kommersjele útjouwerijen te uzes. (Of it moast wêze dat er oanfoarsjoen in bestseller yn it Ingelsk waard.)

Moat ik jo noch oertsjûgje? Lit dan myn wat singeliere geastdrift foar it skiene, goede, wiere yn de skriuwerij fan yn oansjen ôfbladderjende wrâldkultuertalen wat ekstra krêft bypûste wurde troch nimmen minder as Denis Scheck, kritikus en presentator fan it altyd moai makke boekeprogramma Druckfrisch (op de ARD, ienris de moanne let op de sneintejûn — it ûnmooglik útstjoerstuit tsjûget al fan kwaliteit). Scheck priizget (klik foaral efkes op dizze link, en besjoch & beharkje it filmke):

Königsallee skilderet (…) ek de har krekt fannijs formearjende samenleving yn de Bûnsrepublyk. “Wurk holp” — mei dit biedwurd ferdôve it neioarlochske Dútslân him oer de misdieden fan de nazitiid en de trauma’s fan flecht, ferdriuwing, bombardeminten. Pleschinski bringt in fan de earste sin ôf likegoed amusant as healwiis doar-iepen-doar-ticht-vaudeville op it toaniel — en in tûk spul oer seks en tekst, libben en literatuer, homoseksualiteit en hûchelerij. (…) In grandioas plezierige roman oer net-reälisearre dreamen fan wiere leafde, ivige roem en Dútsk nasjonalisme.

No sa! no sjen oft jo noch Pleschinski heare kinne as er by de NHL foardraacht. En dit boek oantuge, bygelyks by de ûnôfhinklike boekhannel Godert Walter (dêr’t ik fan ‘e jûn dizze skriuwer hearde en koart ek spruts — en se reklame meitsje mei Dútske boeken foar Dútske prizen.)

Moandei, tolve maaie 2014.

.

Tajefte: in Nederlânsktalich besprek op “Geheim weblog” fan Königsallee. De karakterisearring fan de figuer Ernst Bertram — leeftydsgenoat en freon fan Thomas Mann dy’t yn de mangel kaam meidat er oarsom àl in völkische nazi-meirinner waard en no nei de oarloch siket nei rehabilitaasje — is troch de skriuwer yndie faaks krekt wat swierder oanset as nedich wie. Hie jûn by de fragerûnde oan ‘e ein ek noch even frege nei dit personaazje (boppedat in ‘homo’, at jo dat sa neame kinne by in begjin-20e-ieusk yntellektueel, en dus spegeljend oan de relaasje Mann-Heuser), mar krige dêr net al te wiidweidich antwurd op.

Tajefte II: Hans Pleschinski hie ferline wike ek noch de trijejierlikse Literaturpreis der Stadt München wûn, foar syn oeuvre oant no ta. Yn Grins hie er in publyk fan heechút tsien man. Grutstepart like it boek net lêzen te hawwen, naam likegoed nei in noflike jûn ek net in boek mei nei hûs. (Soks soe wol wat better kinne, dochs, yn besikers en yn boekeferkeap.)

Posted in Lêzen, Skriftekennisse | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Patriottysk Frysk “yn it huwz yn it Bosk”

Posted by André Looijenga on 29/04/2014

Twa “nije” stikjes Midfrysk binne oanwûn troch Tresoar, lês ik yn it nijste nûmer fan Letterhoeke (2014.1, s. 28). It album amicorum fan Petrus Brouwer Pzn. (1749-1830), dûmny yn Ferwerteradiel en patriottysk politikus, is skonken troch dy syn neikommelingen, sa meldt Jacob van Sluis. Brouwer wie ien fan de federalistyske leden fan de Nationale Vergadering, dy’t nei de steatsgreep fan de sintralisten fan jannewaris oant july 1798 finzen holden waard yn De Haach. Wylst hja finzen sieten (yn it Paleis Huis ten Bosch), samle Petrus Brouwer yn dit album 21 persoanlike bydragen fan syn freonen en meistanners. Dizze tekstkes binne yn it Nederlânsk, Latyn en Frânsk, mar ek yn it Frysk.

De twa Fryske albumynskripsjes binne skreaun troch Coert Lambertus van Beyma thoe Kingma (1753-1820) en Jacobus Cornelis Scheltema (1767-1835). By it artikeltsje yn Letterhoeke stiet in foto fan Van Beyma syn stikje. Spitigernôch is de digitale ôfbylding net skerpernôch om goed te lêzen. Ik kin der út wiis wurde dat Gysbert Japix neamd wurdt, as de auteur fan in sitaat. It stikje slút ôf mei de wurden (as ik se goed transkribearre haw):

Dit schrieuw for syn frjún P. Brouwer

yn it huwz yn it Bosk de 19 Apr. 1798

C.L. Beijma

Ek yn de ynskripsje fan Scheltema soe Gysbert Japicx fermeld wêze. Soe ien fan dizze folksfertsjintwurdigers in eksimplaar fan Gysbert syn Friesche Rymlerije by him hân hawwe, dêr yn De Haach? Dat hja inoarren yn it Frysk skreaunen, makket wol oannimlik dat se ûnderinoar ek Frysk praten. It is ferliedlik om dêryn in konneksje te lizzen mei de federalistyske, regionale politike stânpunten fan Brouwer, Van Beyma en Scheltema, mar dat soe faaks anachronistysk wêze.

Van Beyma is fan de trije noch it minst ûnbekind, as Fryske patriottyske pommerant, — al wurde de tsjinstanners fan de stedhâlders yn Nederlân mar al te graach út de skiednis skreaun (lykas jo op ‘t heden wer sjogge mei de betinking fan 1813/1814/1815). Jacobus Scheltema, dy’t him yn it Frysk Japik skreau, is oars ek tige nijsgjirrich: as letterkundige en histoarikus in foaroanman yn it Nederlân fan begjin 19e ieu. Jacobus syn broer wie boppedat Paulus Cornelis Scheltema (1752-1835), boer fan boargerlik komôf en patriot, waans niget oan Fryske skiednis him op wûndere paden late.

Paulus kaam foar it ljocht mei de Tesck-Laow, in tekst dy’t in Aldfryske tekst út Achlum sei te wêzen, dy’t yn 1823 troch syn broer Jacobus publisearre waard. In mystifikaasje wie it, mar it omfjild derfan, it let-18e- en begjin-19e-ieuske Frjentsjer is fansels hiel nijsgjirrich. It fertsjinnet, mei syn revolúsjes (polityk, ekonomysk, kultureel), feroarings fan status fan Fryslân, neidagen fan de Frjentsjerter Akademy, as tiidrak om sa’n mystifisearre wurkje hinne suver krekt syn yngeande stúdzje as Jensma dien hat mei it Oera Linda Boek.

Hjir noch in plaatsje fan “it huwz yn it Bosk“, dêr’t ik lêsten op ‘e fyts delkaam, nei’t ik in moarn trochbrocht hie yn de universiteitsbibleteek te Leien. Yn syn lizzing, tusken tichte konifearen en rododendrons, hat it no ek wol wat fan in finzenis:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Tiisdei, njoggenentweintich april 2014.

Posted in Skiednis, Taal | Tagged: , , , , , , | 1 Comment »

53°05’45.6″N 5°58’12.0″E

Posted by André Looijenga on 28/04/2014

Fan ‘t simmer mei ik dêr wenje en wurkje! Op 53°05’45.6″N 5°58’12.0″E: de Drachtster Heawei ûnder De Feanhoop, it Skriuwersarkje (fan Rink van der Velde). Ofrûne freed wie ik dêr foar it earst: wat in prachtich, rêstich plakje. It útsicht oer it petgat, it fakânsjehûs op it wetter tusken de beammen, de fûgels en de froasken…

Wat ik dêr dwaan sil…? Ik haw tasein dat ik dêr mei in Fryske roman dwaande sil. Fokke Wester (yn de Drachtster Courant) hat in goed ferslach makke fan it iepeningsbarren dêr by de Arke. Klikke jo foaral ek efkes op de link om de foto’s te besjen. In “Fryske road novel” neamde ik freed it boek dat ik skriuwe wol. En it wurdt nét in autobiografy[ske roman], sa’t Sietse de Vries yn de Ljouwerter hat sitten te fabulearjen, sûnder by de presintaasje te wêzen en sûnder my om neiere ynfo te skiljen.

Dêr lit ik it taljochtsjen fan myn plannen foarearst by: oan dizze en jinge haw ik ûndertusken al mear as genôch ferteld oer wêr’t it hinne sil mei myn oansteand debút. Ik hâld jo op de hichte.

Moandei, achtentweintich april 2014.

Posted in Skylk | Tagged: | Leave a Comment »

Mei fiif liuwen

Posted by André Looijenga on 25/04/2014

No, dêr stean ik dan, mei wol fiif liuwen efter my. En yn it Latyn de meidieling dat lytse dingen grut wurde (… res parvae crescunt). Eelke en Feike wienen der ek by. En Diana de Groot fansels.

(Dizze komposysje fan de priisútrikking nei it Grut Frysk Diktee lêsten woe ik jim net ûnthâlde. Mei tank oan Skanomodu.)

Priiswinner Diktee 2014

 

Freed, fiifentweintich april 2014.

Posted in Dien | Tagged: , , , | Leave a Comment »

In liuw yn Tersoal

Posted by André Looijenga on 24/04/2014

Op it koar fan de St. Vitustsjerke fan Tersoal stiet in krús mei in wynfaantsje. De blêdgouden wynwizer hat de foarm fan in wapenskyld mei in liuw. Lêsten haw ik him ris in kear goed op de foto set:

Wynfaan op de tsjerke yn Tersoal

It is in moai ding, en it liket derop dat it âld is en al hiel lang op de tsjerke stiet. Mar wêrom hawwe wy yn Tersoal no krekt in faantsje mei in liuw?

Wannear’t der in wapen op de wynfaan fan in toer of tsjerke stiet, is dit gauris it skaaimerk dat in “sponsor” fan de tsjerke efterlitten hat: in promininte famylje, machtige tsjerkfâden, de stêd of gritenij, it provinsjebestjoer. Dat liket mei dizze liuw net fuortdaalks it gefal, of alteast is it dreech dit wapen dan te identifisearjen.

De foarm fan de liuw yn Tersoal docht my suver eins 17e-ieusk oan. Yn dat gefal soe de wynfaan âlder wêze as de tsjerke dêr’t er op stiet. De tsjerke is ommers yn 1838 troch nijbou ferfongen. Men kin jin lykwols yntinke dat in wynfaan fan in âlde tsjerke yn sa’n gefal maklik op ‘e nij brûkt waard.

Mar, dochs, in liuw… Faaks komt de assosjaasje troch de djipblauwe loft efter it gouden daksieraad, mar… is dit net it wapen fan Ljouwert…?

Wat soe in Ljouwerter liuw omspane op in tsjerkedak yn Tersoal, in doarp yn de gritenij Raerderhim, hiel wat oeren geandefoet súd fan de haadstêd? It kin eink net in teken west ha fan macht en ynfloed fan dy stêd yn har omlân, omdat soks binnen de ferhâldings yn it ier-moderne Fryslân net past (oars as yn Grinslân, dêr’t de machtige stêd wol har wapen efterlitten op party doarpstsjerken).  Ferlykbere gouden wapenfaantsjes binne, oan’e oare kant, wol noch yn de stêd Ljouwert te finen: op de Aldehou bygelyks, en op de Waach. (Sjoch foar foto’s dizze side oer wynfanen.) De Tersoalster liuw liket suver in soad op de Aldehouster.

Myn hypotese is dat de liuw fan Tersoal ienris in Ljouwerter liuw west hawwe kin. Faaks wie it in twaddehâns liuw, dy’t earder op in iepenbier gebou yn Ljouwert pronke hat. Wa wit stied er earst wol op de toer fan ien fan de, yn’e 19e ieu ôfbrutsen, stedspoarten fan Ljouwert.

Tongersdei, 24 april 2014.

Posted in Skiednis, Tsjerken | Tagged: , , , , | Leave a Comment »

Tersoal, fearten en in tsjerke

Posted by André Looijenga on 21/04/2014

It wie bêst peaskewaar. Hjir even in fotootsje fan Tersoal, juster begjin fan ‘e jûn. Dit fyn ik miskien dochs wol de moaiste kant om it doarp yn te kommen: fan it westen ôf.

Der steane yntusken wat minder hege beammen as earder. De âlde kastanjes by it tsjerkhôf binne fuort, en ôfrûne novimber is der ek wat omgien. De toer is dêrtroch nammerste better te sjen. In plaatsje, net?

Tersoal 20 april 2014

De foto haw ik makke fanop it brechje foar de pleats fan Nauta. Lofts fan de feart leit de iisbaan (dy’t se dit jier yn febrewaris al wer droech lein hawwe). Dizze feart rint east-west, lâns de dyk it Westerein en dêrnei mei in pear lytse meänders nei de (Snitser) Aldfeart. Ik miende dat dit wetter Mûntsefeart, of Mûntsjefeart, hjit. (De feart dy’t fan de tsjerketoer ôf sjoen noard nei de Aldfeart giet, hjit de Tsjerkefeart.)

Oant yn de tweintichste ieu rûn de feart dwers troch it doarp nei it suden ta (no de Durk Dykstrastrjitte en Wiersterwei), en ek nei it easten ta. Fan dat eastlike stik feart binne noch wat stikjes fiver en sleat oerbleaun. Juster betocht ik my pas: hee, dat wie fansels it ferlingde fan de Mûntsefeart, en dat ferlingde kaam by de Tolhúspleats út yn de Bangafeart (de ferbining tusken Poppenwier en de Snitsermar). Der wie sa dus in binnentrochfeart, west-east troch it doarp hinne, meast parallel oan in dyk(je). Dat jins hûs of pleats oan’e feart lei, wie eartiids ommers ek wichtiger as dat je oan in trochgeande dyk wennen.

Op ûndersteande (net al te skerpe) foto fan de begjin 18e-ieuske gritenijkaart fan Bernardus Schotanus à Sterringa sjogge jo de situaasje fan (fier) foar de ferbrâningsmotor. De swarte linen binne fearten en feartsjes. De súdlike feart nei de Lytse Wierren ta hjit Zoolster Vaart. It hûs rjocht efter de plaknambuorden stiet op it plak fan de Herberg op de Schotanuskaart. De feart west-east troch it doarp, dy’t ik dus as Mûntsefeart kin, rint op de kaart lâns Albada en lâns Broersma en komt út by Meers huysen; der rint in Voetpad lâns (no de trochgeande dyk) en hy liket tsjokker oanjûn te wêzen as de sydfearten.

Tersoal (troch B. Schotanus à Sterringa)

Mar: hat wat ik as Mûntsefeart kin, altiten sa hjitten? Op de Schotanuskaart stiet ek in Monike Vaart. Dy feart rint lykwols noard-súd. Tsjintwurdich is der op dat plak heechút in sleat. It noardlikste part fan de âlde Monike Vaart wie om 1725 hinne ek net al te folle mear: der stiet by printe “Droog“.

De omjouwing fan de Tersoalster tsjerke is lêste pear jier bot feroare. De beammen binne dus ferfongen. Mar ek binne twa âlde wenninkjes, dy’t ik sels ek inkeld as boufallen kind haw, sloopt. Twa nije huzen steane der no efter de tsjerke, en ûnder de toer binne se krekt begûn mei nijbou. It strjitsje foar de toer lâns, it Koumelkerspaed (âlde stavering…), ha se dêrfoar flink ferbrede. It hie miskien wol in bytsje minder breed kind, as it oan my lein hie. It sjocht der no allegear krekt wat te iepen en nijboustrjitte-eftich út foar it âldste stik fan it doarp. Fan it smelle, âlde lykfeartsje tusken de hiemen troch (net op de Schotanuskaart) is net safolle mear oer.

Ik koe no lykwols wol ús tsjerke ris (hast) rjocht út it súd wei op de plaat krije. De toer is grutstepart midsieusk, it skip út begjin 19e ieu. De tsjerke stiet net op in terp, ek al leit it hôf fansels wat heger as de rest fan it doarp. Lofts fan de âld toer it nijste hûs yn oanbou.

Tersoal, St. Vitus, súd-oansicht

Moandei, iennentweintich april 2014.

Posted in Dien, Tsjerken | Tagged: , , , , | Leave a Comment »

De tredde kear

Posted by André Looijenga on 17/04/2014

Ja, juster haw ik it Grut Frysk Diktee dus wér wûn. Ik wit ek net krekt hoe’t ik dat sa hie. In dûbeltsje op syn kant: myn tige wurdearre rivaal Jan Ybema siet ommers mar in heale flater efter my. It wie alsa in sterk dielnimmersfjild, en hooplik sil dat oare kearen sa bliuwe. It slagget my grif gjin fjirde kear op in rige.

En dus: foar it earst sa prominint op’e tillevysje. In nuvere erfaring bliuwt it en hear jinsels sa werom.  It fragen beäntwurdzjen yn it bankje foaroan wie net dreech, mar ik haw fansels mar moai de kâns sjitte litten op in gloedfolle oerwinningsspeech. In lofrede op it Fryskskriuwen en Frysklêzen… dat jo as publyk wol murken hawwe dat dat écht gjin poepetoer is… dat wy yn in aktive en positive sfear, lykas dizze moaie jûn, mei help fan de minsken fan de Omrop, ensfh. ensfh…. dat jo, dy’t hjir no nei sjogge, oer twa jier my finaal ferslaan sille mei in heale flater ferskil… dat wy mei dy taal, as wy dêr goed op passe, mear finnen mear hawwe as dat in bears überhaupt finnen hat… dat der safolle moais en nijsgjirrichs skreaun is yn it Frysk, en ek Ensafh neame, en ek de skanumodisten… en reklame meitsje foar myn boek (dat ik noch skriuwe moat)…

No ja, sa’n rede hold ik dus net yn de liveútstjoering. Mar it wie in moaie jûn. En ik haw no folpinnen genôch om in samle wurk te skriuwen.

(En dan no noch efkes applaus foar de korrektoaren, sûnder wa’t sa’n slagge dikteejûn ûnmooglik wêze soe.)

Jim kinne it diktee op’e nij besjen fia de útstjoering-mist fan Omrop Fryslân. Ik hoopje dat dizze link wurkjen bliuwe sil: http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/frysk-diktee-fan-16-april-2014-2000

Tongersdei, santjin april 2014

Posted in Dien | Tagged: , | Leave a Comment »

Bibliotheca disputationum

Posted by André Looijenga on 10/04/2014

It hat hast in healjier stil west op dit blôch, en dêrfoar barde der ek al in hoartsje weinich. It is lykwols net sa dat ik neat mear te melden haw. Oarsom: der binne in protte saken dy’t ik fertelle kin, of dêr’t ik myn miening oer kwyt wol.

Myn wurk bygelyks. Op ‘t heden wurkje ik (wer) by de universiteit fan Grins. As ûndersyksmeiwurker bin ferbûn oan it projekt Vital Matters, dat giet om de ûntwikkelings yn de genêskunde en skeikunde yn de earste helte fan de 18e ieu. As klassikus (latinist) bin ik dus bedarre yn de wittenskipsskiednis. Jo fine in beskriuwing fan it projekt Vital Matters ûnder dizze link (N.B. in pdf-bestân), en ik attendearje jo by dizze ek mar even op it bloch (yn it Ingelsk) fan myn kollega Marieke Hendriksen.

Ik rjochtsje my yn myn ûndersyk op de proefskriften dy’t ferdigene binne yn Leien yn de jierren 1709-1738, doe’t de noch altyd ferneamde Herman Boerhaave dêr heechlearaar wie. Dy boekjes (meast dissertationes of disputationes neamd) binne in diverse en nijsgjirrige boarne foar it ûnderwiis yn genêskunde en gemy fan Boerhaave en syn konfraters. Oan de hân fan de stellingen dy’t de promoasjestudinten opnamen efteryn har proefskriften, kinst hiel wat ôfliede oer hoe’t it wittenskiplik ûnderwiis him ûntjoech yn dy tiid.

Dêroer letter grif mear. Foar no lit ik jo noch even ien fan de moaie plaatsjes sjen dy’t ik by myn ûndersyk yn de universiteitsbiblioteek yn Leien fûn haw.

Dit is de titelside fan de dissertaasje fan Cornelius vander Haghen, fan Amersfoart. Hy promovearre (by prof. Jacobus Le Mort) op 16 desimber 1715 op it ûnderwerp Melancholia hypochondriaca, de psychyske oandoening wêrby’t ien him ynbyldet fysyk siik te wêzen.

Dizze titelside haw ik útkeazen om it plaatsje: jo sjogge allegoaryske figueren dy’t de trije fakulteiten útbyldzje: Teology (ûnder), Rjochten (loftsboppe), en Medisinen as in man yn in gewaad mei algemistyske tekens derop. Tusken dy figueren yn sjogge jo de doktorshoed en de doktorsbul. Underoan yn de hoeken op finjetten de twa ‘grûnlizzers’ fan de juridyske en medyske stúdzjes: keizer Justinianus dy’t it Romeinske rjocht fêstlei en de grutte antike Grykske arts Hippokrates. Efter de godsgelearde dame sjogge jo in keammerke mei in grouwe boekekast. De ynhâld dêrfan stiet derop skreaun: Biblioth[eca] Disputat[ionum] Acad[emiae] Lugd[uni] Batav[orum], “biblioteek fan de proefskriften fan de universtiteit fan Leien”. No sa, mei dy biblioteek oan learde boekjes hâld ik my op ‘t heden dus dwaande.

Titelside fan it proefskrift fan Cornelius vander Haghen (16 des. 1715)

Titelside fan it proefskrift fan Cornelius vander Haghen (16 des. 1715)

Tongersdei, tsien april 2014

Posted in Dien, Skiednis | Tagged: , , | Leave a Comment »

Tsjerken en stinzen oarekant de Yms

Posted by André Looijenga on 09/04/2014

Ofrûne snein haw ik wer ris nei Eastfryslân west, mei de reislustige freon mei wa’t ik earder ris dy kant út west hie. (Foar noch mear reisympresjes nei de Friezen yn Niedersachsen, sjoch ek myn blochkes oer Suurhusen en oer it Sealterlân.)

Op de winsklist fan myn reisgenoat stie op it foarste plak Emden, dy stêd dy’t eins sa tichtby Grins leit, mar wêr’t je eins noait komme. Emden is wat stêdeskien oangiet, oars hertferskuorrende tryst. Om 1600 hinne wie it in bloeiende hannelstêd, dy’t kultureel, religieus en ekonomysk nauwe bannen hie mei de Nederlânske Republyk. It moat in moaie âlde stêd west ha, mei grêften en geveltsjes, in soarte fan Harns of Inkhuzen. Ek yn de Pruisyske ieuwen bleau dêr in protte fan bewarre. De nazi’s lykwols bouden dizze histoaryske stêd om ta in troch boargers bewenne stik frontliny, troch rûnom benearjend grouwe fjouwerkante betonbunkers del te plempen. Dat Emden krige dêrtroch yn it bysûnder de folle laach fan de bombardeminten. De âlde binnenstêd waard fuortfage, inkeld dy smoarge bunkers wienen net út te roegjen: noch altyd steane se der as stomme betonformaasjes yn in suterich weropboud provinsjestedsje.

De weropbou fan Emden wie in hast like grutte trageedzje as de ferwoasting. Grutstepart fan wat ea de âldstêd wie, is no ien grutte útstalling fan nei-oarlochske Dútske fantasyleazens. Dêrby komt dan noch dat Emden bot yn de perifery fan Dútslân leit, en ekonomysk frijwat yn de lytse loege nei’t it liket, dat jo kinne jin der al in foarstelling by meitsje…

Mar der binne doch noch wol wat moaie dinkjes oerbleaun yn Emden, lykas dit nuvere gebouke. In soarte fan Russysk paviljoen yn bakstien, in kiosk faaks, of eartiids in brêchwachtershúske (de plaatsjes fergrutsje har út, at jo se oanklikke):

SAMSUNG CAMERA PICTURES

En dochs moatte jo Emden besykje, hear. It Landesmuseum hat in hiel moaie, romme histoaryske kolleksje, dy’t ik elk oanried dy’t it nije Frysk Museum in tsjuster en ûnoersichtlik by-inoar fynt. De Kunsthalle skynt ek top te wêzen.

En de omkriten fan Emden fansels: terpdoarpen mei allegear midsieuske tsjerken, mei rike ynterieurs. Iepen klaai en leechfean, polderdykjes, stinzen, pleatsen. Mar dêroer aansten mear.

Fansels moasten wy earst by de Upstalsbeam del. It let-midsieuske gearkomstplak fan de (omtrint) sân Fryske seelannen, dat mytyske lieu de mémoire fan it Grutfryske ideaal, dêr moast ik dochs mar ris delkomme… Dat by de skeane toer fan Suurhusen lâns, en fan de rykswei ôf oer de buorskip Mudderpott, dan yn Wiegboldsbur rjochtsôf by de mûne, heal op ‘e doele rekke yn Moordorf (in soarte fan De Westereen foar ‘t neist), dêrfuort oer de binnenpaden fan it Extumer Kiefmoor. De dykjes waarden hieltyd smeller, wy rieden oer in bochtige reed yn it beamt. Foar in wâldspultsje ston in espeltsje lju har moed yn te drinken foar it kloatsjitten. En dan, oan ús lofterhân, ynienen, as yn in fizioen, op in terpke tusken klomske slieperige titelroazen, ferskynde it:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It foel my alles ta. De lizzing fan de seminten pyramide op it plak fan de eardere Upstalsbeam is eins bêst aardich. En der is dêr fierder eins ek bêst neat. De bosk is ljocht, it parkje om de stienheap simpel en kreas. Ik hie der suver fleurige flaggen fan sân moderne Fryslannen ferwachte (bgl. dy fan Westfryslân, Echt Fryslân, Grinslân, Eastfryslân, Sealterlân, Hilgelân en Noardfryslân…), mar dy wapperen dêr net. (Sa-y-sa wapperje Eastfriezen wat minder mei har flagge as by ús wenst is. En as se in flagge ha by hûs, is dat meast de fane fan in Bundesliga-klub.)

Wy ferfetten ús reis. Aurich yn de rein joech net in al te ynspirearjende yndruk. Al mei al helje de Eastfryske Wâlden it (fan de dyk ôf sjoen) yn eigenheid net echt by de Wâlden dy’t jo tusken it mear sivilisearde part fan Echt Fryslân en de stêd Grins te lizzen fine. Mar dochs, dan de histoaryske bril mar wer opset: wy rieden dochs mar moai troch it lân fan it Brookmer-brief!

Op ‘e Klaai oankaam, seagen wy nei see by Norddeich (in doarpke dêr’t oan it Waad intercity-treinen fertrekke nei Leipzig en nei Luxemburg), en stienen wy te Nessmersiel mank de kwelders te dikerjen rjochting Baltrum en Norderney. It storeinde. Justjes.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Yn Dornum holden wy fannijs ho. Op in steile terp leit dêr dizze romanogoatyske tsjerke. In typysk Eastfrysk ensemble, fan in hege sealtsjerke, mei in lyts dakruterke, en in leech breed stiennen klokhûs derneist. Spitigernôch siet de doar ticht, mar se moat binnendoar in machtich moaie útrissing ha, mei in heechalter, hilgebylden op de preekstoel, mânske hearebanken, adellike sarken en in grut barokoargel.

Tsjinoer de tsjerke stiet dit grutte âlde hûs. As it my net mist, in âld pastory, boud fan kleastermoppen en – wa wit – diels noch wol út de lette midsieuwen:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Dornum hat yn it ferline in wichtich doarp west. In stedsje suver. Der is in merkpleintsje op de terp mei âlde herbergen. Der is in heale 16e-ieuske stins (Beningaburg), dy’t no hotel is. En der stiet dan ek sa mar in 19e-ieuske synagoge:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It behindige godshûs stiet noch oerein omdat it twa dagen foar de Kristallnacht oan in timmerman ferkocht waard as loads. (Foar de rest stiet Dornum der, wat de gebeurtenissen fan de jierren ’30 oangiet, net al te fraai by. Der wie in soad nazi-oanhing yn dizze noardlike doarpen. En der steane in hiele protte sneuvele nammen op de tinkplaten oan it klokhûs.)

Even fierder it bertehûs fan Enno Wilhelm Hektor (1820-1874), romantysk dichter yn it Eastfrysk, dy’t wat in tryst en miskend libben hân hat. Dit kreaze âlde boargerhûs (seker foar Noard-Dútske begripen, dêr’t se âlde wenningen meastens stikken renovearje) stiet foar de poarte nei it kastiel Norderburg:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

It poartgebou dêrfan, mei syn elegante baroktoer, die ús suver Deensk oan. Foar ús Skandinavysk, dêre neame se it “Nederlânske barok”:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

De stins Norderburg waard ein 17e ieu ferboud ta in wier barokpaleis. En dat sa mar yn in (tsjintwurdich) heal fergetten klaaidoarp. It kastiel is yn gebrûk as Realschule.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Dat is eink sa gek noch net. As middelbere skoalle bliuwt sa’n monumintaal gebou ommers midden yn de mienskip, en wurdt it net ôfsletten fan syn omwenners as privé-wente of as lúkse-hotel. Hjir noch it timpaan as detail. Let op de spear fan Pallas Athena (hee, de goadinne fan ûnderwiis en wittenskip…), dy’t in echte spear is dy’t út de gevel stekt:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Nei Dornum dienen wy noch efkes de grutte stêd Norden oan. (No ja, grut, in soarte fan Dokkum.) Wat dêr seker grut is, is de Grutte Merk. Yn ‘e midden stiet de Sint Liudgertsjerke. Wat in wûnder gehiel (it koar fan de Grinzer Martinitsjerke, mei in doarpstsjerkje as skip, en in losse sealtektoer oarekant de strjitte), mei in wûndermoaie ynrjochting.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

En dêrfoaroer dít bouwurk. Jo soene tinke, sa oan dit wide plein, dat sil wol it stedhûs wêze:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Mar it is… de menniste fermanje!

Norden wie earder, lykas Emden, in wichtige havenstêd. En boppedat in plak dêr’t religieuze dissenters bedarren, dat sadwaande dat de mennisten hjir dit pommerante stedspaleiske boud hawwe as harren tsjerke.

Noflik rieden wy noch fierder troch de âlde en nije seeklaaipolders, terpdoarp nei terpdoarp. Yn Hinte, krekt foar Emden, stutsen wy oan by de pleatslike pizzeria. (Ommers, iterij komt altyd wol klear op it Dútske plattelân.) Yn dat doarp sette ik dizze pearel op de plaat: Burg Hinta.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

In, sa’t it liket, yntakte 16e/17e-ieuske stins, mei in grêft derom, rjocht tsjinoer de tsjerke. Dat lêste makket it plaatsje helendal ôf (al slagge it yn ‘e skimer sa gau net op ien foto): it toant de bân tusken de tsjerke en de haadlinge-adel yn ‘e lette midsieuwen. Foar Eastfryslân soe it unyk wêze dat sa’n konstellaasje noch oereinstiet. In ferlykber noch hieltyd neistinoarstean fan tsjerke en stins ken ik tichterby hûs yn Roan (Roden, Huis Mensinge) en yn Ysbrechtum (Epema State).

Woansdei, njoggen april 2014

Posted in Dien, Fryskens, Skiednis, Tsjerken | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Geef Frysk is wol wichtich én belangryk

Posted by André Looijenga on 14/11/2013

Niis haw ik even in reaksje stjoerd op in “Reade Tried”-stelling fan Omrop Fryslân: Geef Frysk is net sa belangryk (of wichtich…). Gewoanlik reagearje ik net op sokke triedden, mar dit kear gie my de stelling wol oan it hert (sa’t jo begripe sille). Ik haw wat in nuânsearre stânpunt as it om Geef Frysk giet, en omdat myn reaksje wierskynlik net yn syn gehiel (mei hear en fear en sa) foarlêzen wurde sil op de radio, set ik it hjir op myn bloch alfêst even del.

Ik fyn Geef Frysk wól wichtich. Mar ik bedoel mei “Geef Frysk” dan, dat minsken dy’t Frysk prate har bewust binne fan dy taal en der wat kennis oer besitte. Dat minsken dy’t Frysk prate yn elk gefal witte hoe’t jo “goed” Frysk brûke, krekt lykas dat al dy Fryskpraters soks ek witte oer hoe’t it heart yn it Nederlânsk.

Ik bin dus fóár Geef Frysk, omdat dat ynhâldt dat Fryskpraters har eigen taal echt serieus nimme. Dat jo it Frysk de muoite wurdich fine, litte jo sjen troch hele slimme “hollânismen” (dat binne wurden dy’t út it Nederlânsk helle wurde) út de wei te gean. Dat jo bygelyks net “hun” sizze wolle yn it Frysk, mar “har” of “harren”.

Tagelyk stiet net presys fêst wat Geef Frysk is. En dat is mar goed sa ek, want ik wol elkenien de frijheid jaan om syn taal te brûken sa’t er wol. Dêr kin bêst in bytsje Nederlânsk by yn, mar dat mei ek wol moai oerdreaun Geef wêze.

It wichtichst fyn ik lykwols dat alle Fryskpraters yn steat steld wurde om it wat mear fersoarge, saneamde “Geef”, Frysk begripe en brûke te learen. Dêrom is it goed dat der Frysk jûn wurdt op skoalle, en dêryn hawwe de media yn Fryslân (en foaral Omrop Fryslân) ek in belangrike funksje.

Yn boeken, op papier, kinne jo gerêst út en troch wurden kieze dy’t sa “Geef” binne dat de measte minsken se tsjintwurdich net brûke. In protte minsken lêze ommers ek teksten yn it Ingelsk en oare frjemden talen dêr’t wurden yn steane dy’t se noch net kenne. Skriuwers (en oare kultuerdragers) kinne better mar net te skruten wêze om saneamd “âlderwetske” Fryske wurden gewoan te brûken.

André Looijenga
(ûnder oare oersetter en winner Frysk Diktee)

Oan itselde ûnderwerp hie ik yn novimber 2011 in kollum wijd yn Ensafh: Frýsk Frysk. Dy is ek noch altyd aktueel, en kin ik jo dus fan herte oanbefelje.

Tongersdei, fjirtjin novimber 2013.

Posted in Taal | Tagged: , | Leave a Comment »

Provinsjale Steaten, bliuw fan ús wurdbyld ôf!

Posted by André Looijenga on 08/05/2013

Hjir folget de tekst fan myn opinystik (dagstelling) út de Leeuwarder Courant fan 4 maaie:

Op 24 april hawwe de Steaten ynstimd mei in nije Fryske stavering. Noch mar 33 jier nei de foarige wiziging wurdt de spelling op ’e nij oer de kop helle. De nije stavering, dy’t op de Fryske Akademy útdoktere wurdt, sil it skriuwen seker net makliker meitsje. Dizze feroarings sille ús as Friezen júst in soad enerzjy, ûnrêst en jild kostje!

Mei as doel om in Frysk ‘Grien Boekje’ gear te stallen, waard yn 2011 de Fryske Akademy oan it wurk set. De wurdboekskriuwers fan de Akademy hawwe har lykwols net beheind ta it fêstlizzen fan de stavering sa’t dy op dit stuit brûkt wurdt. Yn it foarstel dat der no leit, krijt in stik as wat gewoane Fryske wurden ynienen in hiel oare stavering.

Lit my even op in rychje sette, wat der feroarje moatte soe:
1) ‘oe’ en ‘û’: tenei allinnich noch mar in ‘oe’, wannear’t it Nederlânsk in ‘oe’ hat; dus: ‘droech’ (droog) wurdt ‘drûch’, en ‘útnoeging’ (uitnodiging) wurdt ‘útnûging’, mar ‘boek’ (boek) bliuwt ‘boek’, wylst ‘boek’ (beuk) ‘bûk’ wurdt.
2) ‘ieu’: dizze kombinaasje wurdt ôfskaft; it wurd ‘ieu’ (eeuw) moatte wy tenei dus as ‘iuw’ skriuwe.
3) yn frjemde wurden moat op guon plakken in ‘f’ ynstee fan in ‘v’, en in ‘s’ foar in ‘z’ komme; it komt er op del dat it tenei ‘telefyzje’ wurdt omdat ‘fyzje’ as apart wurd bestiet, mar dat tagelyk ‘advys’ as stavering bliuwt omdat dat gjin gearstalling mei ‘fys’ is.

Oer dat lêste punt wol ik it hjir net hawwe. It staverjen fan frjemde wurden op syn Frysk wie al in tizeboel, en it sil mei dit foarstel ek in griemboel bliuwe.

Yn de foarstelde nije stavering moatte skielk ek hiel gewoane Fryske wurden oars skreaun wurde. Net langer dus: ‘ieu’, ‘droech’, ‘útnoegje’, ‘útnoeging’, ‘spoek’ of ‘boekebeam’. En miskien komt der noch wol in langere list mei feroarings.

Mei de niisneamde wurden wie eins neat oan de hân. Wy skriuwe se mear as hûndert jier sa. Wêrom soe no har stavering feroare wurde moatte? De nije stavering soe “better te learen” wêze, “konsekwinter” wêze as de âlde.

Dat it Frysk skriuwen better te learen is nei dizze wiziging, is grutte ûnsin. Der feroaret eins fierste min, om oanlearen makliker te meitsjen! Wy bliuwe sitten mei tûkelteammen as bgl. ‘bleaun’ en ‘freon’, of ‘heare’, ‘ferstjerre’ en ‘misêre’. En dan haw ik it noch net iens oer it staverjen fan de brutsen twalûden. Om écht effekt te hawwen op de ‘learberheid’ binne folle gruttere feroarings nedich!

Mar fansels kin soks net. It omgoaien fan de stavering betsjut ommers tagelyk it fernielen fan ús wurdbyld. In dúdlike stavering bestiet ommers net yn it foarste plak foar wa’t skriuwt, mar foar de lêzer! Trochdat wy wurden itselde skriuwe, kinne wy dy wurden makliker lêze. Hoe mear Frysk oft minsken om har hinne sjogge, hoe better se it úteinlik ek skriuwe. Dat der wat útsûnderings yn in histoarysk groeide staveringstradysje sitte, is faaks sels nammerste better foar de lêzer. Tink oan de drege staverings fan it Ingelsk en Frânsk: dy funksjonearje krekt omdat it wurdbyld de ôfrûne ieuwen itselde bleau.

De Fryske taal is fan ús dy’t Frysk prate, lêze, skriuwe. As wy Frysk skriuwe, is it bêste om safolle as kin oan te sluten by hoe’t oaren skriuwe. En skreaun hawwe. Wy moatte ús dêrby gjin feroarings of beheinings yn ús Frysk diktearje litte troch bemuoisuchtige ynstânsjes.

De Standertwurdlist, dy’t der no fan Provinsjale Steaten komme moat, wurdt lykwols net in gewoan staveringsadvys, mar in wet. It sil in wet wêze, dy’t foarskriuwt hokker wurden en farianten fan wurden tenei offisjeel Frysk binne. Wat dy wet net goedkart, mei dan net mear brûkt wurde yn it ûnderwiis, lykas Henk Wolf (dosint Frysk oan de NHL) ynkoarten yn detail útlizze wol.

Hat it Frysk op staveringsmêd ferlet fan feroarings en nije strange rigels? Wylst in soad âldere Fryskskriuwers noch altyd net wend binne oan de stavering fan 1980?

Nee! Mei dizze nije stavering giet in protte enerzjy (en jild) ferlern. Gemeenten en provinsje kinne better helpe om mear Frysk sichtber te meitsjen yn de publike romte. Frysktalige media oerein te hâlden en te befoarderjen. De taal in better plak yn it ûnderwiis te jaan. Helpe dat it Frysktalige plattelân de moed net opjout troch krisis en twongen skealfergrutting. Stypje dat wy Friezen mei-inoar Frysk praten en skriuwen bliuwe.

Lit dit ‘Griene Boekje’ sá net trochgean, Provinsjale Steaten!

André Looijenga (*1982) is û.o. redakteur fan it literêr tydskrift Ensafh, en twafâldich winner fan it Grut Frysk Diktee.

Woansdei, acht maaie 2012.

Posted in Skreaun | Tagged: , | Leave a Comment »

Opinystik tsjin staveringswiziging yn LC

Posted by André Looijenga on 02/05/2013

Rûmte foar romte

Op kommendeweis yn de Leeuwarder Courant: in opinystik fan my oer de nije Fryske stavering. In ûnnedich en ûnnoazel plan, dat boppedat fêst sit oan in tige strange regulearring fan it offisjele Frysk. It Fryske Griene Boekje wurdt gjin freonlik helpmiddel by it goed, geef en linich Fryskskriuwen, mar in oppressyf stik ark om de Fryske taal in wrâldfrjemde en tige beheinde noarm op te twingen. It giet op ‘e kop ferkeard: aansten sitte wy oantangele mei in healbakken ‘nije’ stavering en folle minder frijheid foar it Frysk yn ûnderwiis en amtnerij!

Hjir alfêst in lyts priuwke fan myn opiny-artikel yn de Ljouwerter:

Om écht effekt te hawwen op de ‘learberheid’ binne folle gruttere feroarings nedich! Mar fansels kin soks net. It omgoaien fan de stavering betsjut ommers tagelyk it fernielen fan ús wurdbyld. In dúdlike stavering bestiet ommers net yn it foarste plak foar wa’t skriuwt, mar foar de lêzer! Trochdat wy wurden itselde skriuwe, kinne wy dy wurden makliker lêze. Hoe mear Frysk oft minsken om har hinne sjogge, hoe better se it úteinlik ek skriuwe.

Tongersdei, twa maaie 2013.

Posted in Skreaun, Taal | Tagged: , | Leave a Comment »

Totalitêre taalbazen?

Posted by André Looijenga on 29/04/2013

Ik bin bliid dat der dit wykein einlings in bytsje opskuor ûntstien is oer de Nije Stavering en oer de Standertwurdlist. Lit myn miening dúdlik wêze: de leksikografen fan de Fryske Akademy binne fierste fier gien yn it konstruearjen fan in stavering dy’t har doel foarby sjit, en fan in taalnoarm dy’t net oerienkomt mei it Frysk fan ús hjoeddeiske literêre tradysje!

Te’n langen lêste hat de Omrop it nijs oer de nije stavering opheind. Hjir in linkje nei it berjocht op harren webside. Der is in koart petearke te hearen mei Anne Dykstra, fan de Akademy. Djip dollet it petearke oars net.

Der is lykwols folle mear oan ’e hân as in ûnnedige oanpassing fan ús stavering. (Ik sis mar efkes ús stavering; wat doel en wat rjocht hawwe Akademy en Steaten oars ús harren likegoed subjektive standerts op te twingen!?)

De Standertwurdlist sil nammentlik ek in rjochtline wurde tsjin it dialektferskaat sa’t dat binnen ús ynformele Fryske standerttaal bestiet. Dêrby liket it derop dat de Standertlist gauris yngean sil tsjin wat in grut part fan de Fryskskriuwenden as foarkarsfoarmen sjocht. De kommisje fan de Fryske Akademy skynt blykber de foarkar te jaan oan ‘rûmte’ boppe ‘romte’. Deselden ûnder jo dy’t it Frysk Hânwurdboek kinne, dat troch likernôch itselde team gearstald is, sil dy foarkar foar ‘Wâldsk’ klinkende farianten net ûnbekind foarkomme.

Lês oer dizze temûke oanslach op de Fryske skriuwtaal foaral ek dit stik fan Henk Wolf op It Nijs en dit stik fan Abe de Vries.

Frije Fryskskriuwers, lit ús ús taal net diktearje troch bemuoisuchtige saakkundigen, dy’t better bettere wurdboeken skriuwe kinne ynstee fan Nijfryske wetsteksten!

Soene jo, as Fryske media, nijsgjirrich wêze nei de miening fan in engazjearre taalbrûker dy’t de stavertradysje en de leksikale rykdom fan it Frysk ferdigenje wol, dan fine jo myn kontaktgegevens ûnder it kopke Oer dit blôch.

Moandei, njoggenentweintich april 2013.

Posted in Taal | Tagged: , , , | Leave a Comment »

Drûch, iuw, telefyzje…

Posted by André Looijenga on 29/04/2013

Woansdei, 24 april 2013, hawwe Provinsjale Steaten besletten om mei te gean yn it útstel fan de Fryske Akademy ta it wersjen fan de stavering. Sûnder dat dêr echt omtinken foar west hat yn de reguliere Fryske media, is no it proses yn gong set om yn in stikmannich details ús Fryske stavering ridlik yngripend te feroarjen. Dat dit sa ‘stikem’ bart, noasket my min. En boppedat haw ik ek noch wol mear fûnemintiele beswierren tsjin it (wer) feroarjen fan de Fryske stavering.

Om te soargjen dat der yn elts gefal omtinken komt foar dizze kwestje, haw ik in gastbloch skreaun foar Neder-L, it elektroanysk tydskrift foar nearlandistyk. Hjir lêze jo it: http://nederl.blogspot.nl/2013/04/een-nieuwe-spelling-voor-droog-eeuw-en.html

Lit ús foarkomme dat sokke gewoane Fryske wurden as ‘droech’, ‘ieu’, ‘útnoeging’, ‘spoek’ en ‘boekebeam’ net ynienen fan stavering feroarje sille!

Moandei, njoggenentweintich april 2013.

Posted in Skreaun, Taal | Tagged: , , | Leave a Comment »

Ensafh Grutte Gedichtejûn: 31 jannewaris

Posted by André Looijenga on 06/01/2013

Op 31 jannewaris 2013 organisearret it Literêr Tydskrift Ensafh foar de twadde kear in Grutte Gedichtejûn yn Café Vellinga yn Snits.

Alle dichters, yn hokfoar taal ek, binne wolkom om harren fersen heare te litten. Leafhawwers fan poëzij meie ek it poadium op om harren favorite gedichten foar te dragen.

Kom allegearre! It sil grif allyksa’n prachtjûn wurde as ferline jier!

Gedichtejûn 2013

Snein, seis jannewaris 2013

Posted in Skylk | Tagged: | Leave a Comment »