Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘Nijfrysk’

Friesk

Posted by André Looijenga on 05/10/2011

It is in sitewaasje dy’t grif eksemplarysk is foar in lytse taal dy’t him oppenearje moat mank gruttere en sterkere konkurrinten, mar it meast ikoanyske wurd yn’e Fryske taal, — it Fryske wurd dat faaks it gaust troch frjemd en eigen werkend wurdt –, is it wurd Frysk. Net om’e nocht haw ik it hjir sa prominint boppe yn byld stean. Apart is no wol dat no krekt it wurdsje Frysk eink net folslein Frysk is…

Benammen yn it easten fan Fryslân kinst minsken sizzen hearre: “Wy prate Fries“. Soks fielt foar mannichien mei omtinken foar de taal as net-geef oan. It moat dochs Frysk wêze, net Fries. De twadde foarm liket in hollannisme, en boppedat in fertizing fan it eigenskipswurd mei it haadwurd Fries.

Lykwols: sjochst werom nei it Âldfrysk, docht ynienen bliken dat net allinne in ‘Fries’ in Frēse wie, mar it eigenskipswurd ‘Frysk’ ek Frēsisk of Frēsk. En út’e Âldfryske lange ē is rigelmjittich yn it lettere Frysk it lange twalûd ie ûntstien. (Yn’e measte gefallen alteast.) It midsieuske grēn waard sa grien (lykas dat ek ienris mei it Ingelske green bard wêze moat), stēn waard stien, stēth waard stiet, en fēla waard fiele. Sa’n ie hat him yn it Nijfrysk gauris fierder ûntjûn ta in brutsen ji. Dat it Âldfryske hēr ûntwikkelde him oer Midfrysk hier ta ús Nijfryske hjir.

Soks barde fansels ek mei Frēsk. Yn’e santjinde ieu sjochst it eigenskipswurd, yn Fryske teksten, werom as Friesck. Lûdwettich kloppet it. Einliks moasten wy gjin Frysk prate, mar allegearre oan it Fries(k)!

Dêrneist hjit Fryslân, foarsafier’tst dat yn Âldfryske teksten neamd fynst, Frēslond (of -land). Dat dat heitelân fan ús soene wy eins Frieslân of, mei in brutsen lûd, Frjislân neame moatte, as wy écht geef prate soene…

Dat wy gjin ie mar in y útsprekke, hat der neffens my alles fan en wês in ‘Hollânsk’ ynslûpsel. It iennichste plak dêr’t ik Fryske santjinde-ieuwers oant no ta FRYSLAND skriuwen sjoen haw, wie op in inkelde Nederlânsktalige grêfstien. De krêft wêrmei’t hollannismen ynfloed hawwe op it Frysk, merke wy alle dagen oan ús sprutsen taal. Yn’e foargeande ieuwen hat dy ynfloed der ek al west, en hat dy ynfloed neist it âldere Friesk en Frieslân de Hollânskere en dus moadieuzere, sjikere, maklikere farianten Frysk en Fryslân opsmiten.

Hoe is it dan beteard dat it Frysk úteinlik dochs de foarmen mei koarte y as standert krigen hat? Wylst ein 19e en begjin 20e ieu ek it Frysk syn puristyske streamings hân hat? Wêrom hawwe de Jongfriezen Friesk net promoate?

Dát sil alles mei it wurdbyld te krijen hawwe. Frysk sjócht der folle minder Hollânsk út as Friesk. De distansjearring foar it Nederlânsk oer gie út fan it each, net fan it ear, en yn dit gefal net fan’e histoaryske taalkunde. It Frysk en syn beweging binne ûnstien yn inket, printletters en papier. Ús taal hjit tsjintwurdich Frysk en ús lantsje hjit Fryslân omdat de y sa goed tsjinst dwaan kin as byld, — as ikoan –, fan ús Fryske oarswêzen. Dat it dêrmei foar in párt (mar allinnich foar in part, hear) Hollânsk in Fryske ferklaaiïng is, is wol wer in typysk Fryske iroany.

Woansdei, fiif oktober 2011.

Posted in Skiednis, Taal | Tagged: , , , | 1 Comment »