Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Archive for September 21st, 2010

Kening fan ‘e junks

Posted by André Looijenga on 21/09/2010

Om’t de Majesteit hjoed ek net folle nijs te melden like te hawwen, liet ik Prinskesdei mar Prinskesdei en teach ik wat earder as oars nei Ljouwert. Eat oars stie op it programma: in moeting mei in rju swiid-leard Frysk taalkundige en literator.

(Yn it literêr-Frysk ynternetwrâldsje is der ommers ûndertusken ek wer ris deilis útbrutsen, ditkear om it foar him út mopperjen fan Durk van der Ploeg yn’e Ljouwerter lêsten, dat dêr woe ik it op myn blôch mar net oer hawwe. Hoe minder fretten der yn’e trôge driget te kommen, hoe hurder’t de kuozzen skrieme. Jawis, ek ik kin myn âld-boerefryske deadoggers, no.)

Hawar, yn it wyld stúkte 18e-ieuske haltsje fan it Kûlonhûs stie ik net lang te antichambrearjen, ear’t de skraitsige gestalte fan’e Nietzsche-oersetter de treppen delkaam. In rûnlieding trochhinne de hillige graal fan’e Fryske kultuer folge. Kjel waard ik wol fan’e plannen mei it Aljemint, de eardere griffermearde tsjerke dy’t no noch as in soartemei akademykapel foar lêzings brûkt wurdt: sil dy wier omboud wurde ta in parkeargaraazje?

Yn’e kuiergongen fûstke ik, leau’k, ek noch mei de heit fan in oan’e wei timmerjend Frysk skriuwer. Foar’t wy de doar útgiene foar in kopieuze lunsj, duts de wrâldferneamde tonnefilosoof op syn wurkkeamer even de kast yn. Dêrút krige er in steapeltsje boeken, wêrfan’t ik der ien yn’e trein nei hûs gnizend útlêze soe.

Kening fan ‘e junks (2007) fan Eric Hoekstra is dan ek ien fan’e leukste Fryske boeken dy’t ik ea lêzen haw. Read the rest of this entry »

Posted in Dien, Skriftekennisse | Tagged: , , , , | 4 Comments »