Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Jitris oer Watse fan Hania

Posted by André Looijenga on 23/05/2011

Befrijingsdei wie ik op’e fyts yn Jorwert en ûntduts dêr yn’e tsjerke it grêf fan Wattie (Watthie, Watse) van Hania. Yn in earder blôchke bespruts ik syn stien en syn skokkende dea: Wattie wie vermoordt in syn slaepkamer!

Wa hie dizze moard op syn gewisse? Wat wie it motyf ta de moard op dizze Hania? Hokfoar man wie Wattie, en hie er syn ein faaks oer himsels ôfroppen?

Ferskate minsken hawwe my de lêste wiken frege om in ferfolch. Goffe Jensma wiisde my op in artikel fan D.J. van der Meer, út it Genealogysk Jierboek (1969, 17sqq.), oer ‘Aersum, Fûns en Hesens ûnder Jorwert’.

D.J. van der Meer hat it folgjende oer Hania syn dea te fertellen:

Neffens E.M. van Burmania wie Watthie van Hania yn 1569 (noch) dwaende mei de bou fan it Hûs to Hesens; hoe of hwat is fierder net bikend, mar yn de nacht fan 2 op 3 desimber krongen wurklju yn de sliepkeamer fan Watthie en formoarden him.

Oft wy hjir to dwaen hawwe mei in roafmoard of in wraekmoard is net bikend. Wy hawwe socht yn de kriminele rol fan it Hof fan Fryslân, mar hawwe neat foun fan in birjochting fan de moardners. Dy binne blykber net foun. Hoe’t Burmania dan skriuwe kin fan “de werklieden in het huis hetwelk hij aldaar deed bouwen” is frjemd. (p. 21)

Ús Wattie van Hania kaam fan oarsprong fan Penjum en wie de soan fan in Douwe Abbes soan en Doedt van Donia. Troch syn twadde frou, Ydt Sickes dochter Graetnya (Yda van Gratinga), kaam Wattie van Hania yn it besit fan it guod Hesens by Jorwert. Ydt moat dit Hesens urven hawwe fan de kant fan har memme heit, Epo Aylva. Earne nei 1543 hawwe Wattie en Ydt har te wenjen set op Hesens (yn elts gefal wennen se dêr yn 1560). 

Hesens is noch altyd de namme fan in lyts buorskip sa’n 2 km noardlik fan Jorwert. Fan in stins, state of eale wente is op it plak ‘Grut Hesens’ neat mear te sjen. Der is in beskriuwing fan it Hûs te Hesens yn in ferkeapakte út 1640 (Van der Meer 1969, 23-24). Faaks jout dit in ympressy fan hoe’t it der yn de tiid fan Wattie van Hania útseach:

de heerlijcke groote leijdeckte huijsinge met de twee toorns daer aen, de koets bedsteeden ende twe grote tassen daerin staende, met de nae aengeboude rood pande ceucken, de heerlijcke groote poorte, mett twe camers daer boven, de schuijre, voorts hovinge, gracht ende singel

In mânsk hûs dus mei twa tuorren, in grutte poarte derfoar, in skuorre derneist en grêft en beamsingel deromhinne. Yn de jierren 1713-1715 waard de state ôfbrutsen. 

Werom nei Wattie van Hania, dy’t yn 1569 troch wurklju ombrocht wêze soe yn syn sliepkeamer. De genealooch E.M. van Burmania ferbûn it gegeven fan de moarddiedige ‘werklieden’ oan de bou of ferbouwing fan it Hûs Hesens. Soe kinne, mar fan de bouskiednis fan it hûs is fansels al hast 300 jier neat mear te sjen. En boppedat: wêr hie Burmania it ferhaal oer de boulju fuort?

At yndied, lykas Van der Meer meldt, prosesstikken ûntbrekke soene, bliuwt der neat oer as spekulaasje. In moai spul oars: in sechtjinde-ieuske detective.

Miskien hawwe de timmerlju it dien. Maklike skuldigen oars, bûtensteanders faaks, leger yn oansjen, ûnbetrouber folk grif heart men de Jorwerters al gruten. Mar hearskip Hania hie grif ek syn fijannen, yn Jorwert of fierderop. Rjochtsaken oer lân en ûnreplik guod binne fan him bekind, konflikten mei syn skoanfamylje, de Gratinga’s. In nijkommer like er faaks dy’t binnenkrong tusken de pommeranten fan Baarderadiel. Of dan syn âldste soan Wattie Hania junior, dy’t sa tragysk hommels nei syn heit de holle dellei. Soan Wattie soe dochs net de moardner west ha? De wierheid oerdutsen ha mei in grouwe stien en in from Latynsk fers?

Yn elts gefal: in trageedzje dêr op Hesens, middenmank Jorwert, Hilaard, Húns en Leons, yn’e winter fan 1569/1570.

Moandei, trijentweintich maaie 2011.

One Response to “Jitris oer Watse fan Hania”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a comment