Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Rêd de Obe en de Fedde!

Posted by André Looijenga on 03/10/2012

Nije wike freed, 12 oktober, wurde yn Tresoar trije wichtige provinsjale literêre prizen útrikt: de Obe Postmapriis, foar de bêste oersetting nei of út it Frysk, en de Fedde Schurerpriis en de Fedde Schurer Publykspriis, beide foar de bêste debutanten yn it Frysk. Ik haw sels dit kear mei in soad nocht lid west fan de advyskommisje dy’t in winner foar de Obe Postmapriis foardroegen hat. Boppe in sterk fjild fan gadingmakkers stuts neffens ús ien oersetting mei kop en kont út: De Hobbit, fan J.R.R. Tolkien, oerset troch Anne Tjerk Popkema.

Wilens wy ús winner lêsten bekendmakken, waard allinken dúdlik dat Deputearre Steaten yn har nije kultuernota in oare takomst foar de Fryske kulturele prizen sjogge. In takomstbyld dat my min oer it mad kommen is:  de Obe Postmapriis en de Fedde Schurerprizen wurde fuortbesunige!

Ofrûne freed wijde ik it foaropwurd fan de digitale ensafh (dêr’t ik sûnt koarten einredakteur fan bin) oan dizze hommelse likwidaasje fan twa emininte provinsjale prizen. Dêryn sitearre it folgjende ferdikt út de Haadlinen yntegrale beliedsnota taal, kultuer en ûnderwiis 2013-2016:

“Mei it ynstrumint prizen sette wy yn op de aktive dielname fan Friezen op it mêd fan kultuer, taal en ûnderwiis. Tagelyk stimulearje wy mei ús prizen op it mêd fan keunst, toaniel, literatuer, muzyk, foarmjouwing en arsjitektuer by útstek de talintûntwikkeling dy’t nedich is foar kreativiteit as produksjefaktor. Wy sette de kommende perioade yn op minder prizen: foar elk (boppeneamd) kultuermêd ien. Wy kinne de middels op dy wize effektiver ynsette, it prizejild ferheegje en mear omtinken jaan oan organisaasje en útrikking fan prizen.”

Yntusken wurdt dúdliker wat dit betsjut: gjin provinsjale prizen mear foar oersettings en boeken fan debutanten; inkeld de Gysbert Japicxpriis hat besteansrjocht neffens it Provinsjehûs!

Ik wol hjir fierder net werhelje wat ik yn ensafh skreau, en jim grif al lêzen hawwe. Net allinnich wurde de Obe- en Fedde-winners fan dit jier misledige ynstee fan wurdearre troch koart foar de útrikking it opdoekjen fan de prizen te melden, mar dizze lytse besuniging betsjut in ûnbegryplike en ûnferantwurde kealslach yn it Frysktalige literêre fjild. De beide prizen besteane net om’e nocht, al wer in lytse tritich jier. Der hat yn de ôfrûne desennia in stream oan kwalitatyf goede Fryske oersettings en oan sterke literêre debuten west, dy’t it omtinken, de stipe en de wurdearring fertsjinne hat dêr’t dizze prizen mei foar soargje. Doe, dit jier, en, as it mei, yn de takomst.

Hoe belangryk goede Fryske oersettings binne foar it Frysk, wurdt gauris ûnderskat. Ferfryskings út de wrâldliteratuer, sawol fan erkende klassikers as fan populêrdere titels, kinne doarren wêze dêrtroch’t lêzers it skreaune Frysk yn lutsen wurde. Oersettings nei it Frysk ta dy’t derta dogge, sitte op it spannende snydflak tusken literêr keunstnerskip en tsjinstber wêzen oan it oersette wurk, it lêzerspublyk en de doeltaal.

Mei eltse slagge oersetting wurdt it Frysk in bytsje in gruttere taal, wurdt der in stikje bûtenwrâld ta-eigene en tagonklik makke, wurdt it Frysk wer ris goed teste op wat wy allegear mei dy taal wol net kinne. En dêrmei is it oe sa wichtich dat sokke oersettings by de minsken komme, dat âlde en nije Frysklêzers derfan genietsje kinne.

Sûnder dat dat no ús doel wie as advyskommisje, past Anne Popkema syn mear as treflike ferfrysking fan De Hobbit presys by ien fan de pylders ûnder de nije kultuernota: meidwaan… ferbine…. Júst in oersetting as dizze is op himsels al prachtige reklame foar it Frysk as lês- en skriuwtaal! Ek foar dyjingen út Fryslân dy’t it Frysk (spitigernôch) net of amper fan hûs út meikrigen hawwe. Dat der yn it Frysk oersettings ferskine lykas De Hobbit, soe eins al genôch oan argumintaasje wêze moatte om it ôfskaffen fan de Obe Postmapriis tsjin te hâlden.

It ôfskaffen fan de Obe Postmapriis en de Fedde Schurerpriis kin noch opkeard wurde!

Achte leden fan de Provinsjale Steaten, jo kinne in amendemint yntsjinje en stypje om dizze twa wichtige provinsjale prizen, dy foar oersettings en dy foar literêre debutanten, fuortbestean te litten. Ik betrou op jo wiisheid en ynsjoch en op jo leafde foar it Frysk, dat jo de Obe Postma- en Fedde Schurerprizen net behannelje litte as wikseljild op de begrutting dy’t efter de nije kultuernota beskûl giet. De Fryske taal hat ommers ferlet fan in bloeiende Fryske literatuer, dy’t wurdearring fertsjinnet troch mear as ien literêre priis.

Ik hoopje dat jo myn grutte soargen oer it nije prizebelied diele, en dat jo helpe wolle om de nije provinsjale kultuernota op dat mêd te ferbetterjen.

Woansdei, trije oktober 2012.

2 Responses to “Rêd de Obe en de Fedde!”

  1. anne feddema said

    Do hast grut gelyk André…iksels bin foar hurdere aksje…dat moat dan wol gau ynelkoar setten wurde…Oculos habent, sed tamen non vident….aures habent sed tamen non audiunt domine…

  2. […] wie Fries leest: hier, hier en hier. Categorie(ën): NieuwsTag(s): Abe de Vries, Elmar Kuiper, Elske […]

Leave a comment